Haadstik seis: Ferskining of Dream
Sybe hie wol mei de auto by de Heiligenberg opkinnen, mar woe leaver, om efkes allinnich te wêzen, by de Schlangenweg, in smel, bochtich rotspaad omheech. It wie njoggen oere jûns en al hielendal tsjuster. By elke bocht wiene lykwols sêft knetterjende fakkels oan de muorre befêstige, alsa waard in romantyske, midsieuske sfear oproppen dy’t him tige oanspruts.
Hy rekke wat efter de pûst, it wie steiler as dat er ferwachte hie. Sawat healwei de klim joech er him efkes del op in yn de rots úthakke bankje. It feeërike útsicht op de blaugriene Neckar en de âlde stêd benaam him sawat de siken, en oan de oare kant fan de rivier ferrizen driigjend de swarte ruïnes fan it yn in fier ferline foar in part fernielde kastiel.… Lês fierder