Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

It wie ferline wike útsûnderlik myld waar foar de tiid fan ’t jier. Minsken wiene noch wakker drok dwaande yn ’e tún. De blêden falle al wol fan de beammen, dêr is gjin begjinsein oan om dat hieltyd oanfeie te moatten. Wat in drokte om neat, want moarn leit it op ’e nij besiedde. Krûp leaver yn ’e hûs en set de kompjûter oan. Lit de wyn mar oanhelje en oer de heide gûle. As der al in beam omwaait en dêrtroch komt der in stoeptegel bryk te sitten, losse de strjitmakkers dat wol op. Mar nei de hjerst en de winter komt der wer in nije tiid, soe it in nije tiid wurde sa’t Nyk de Vries dat skriuwt?… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Ut namme fan ’e redaksje wol ik graach Durk van der Ploeg fan herte lokwinskje mei it winnen fan de Gysbert Japicxpriis 2011. Nei sa’n machtich oeuvre komt it jo ta! Lokwinske!

Ta eare fan de winner hawwe wy dizze kear in ‘Durk-Digy’ gearstald mei:

– In lofdichttroch Klaas Bruinsma.
– Gedichten fan Van der Ploeg, troch Piter Boersma en André Looijenga ynsprutsen.
– In besprek fan syn nijste boek.
– In presintaasje fan alle besprekken fan syn wurk dy’t stien hawwe yn en op ensafh en it eardere Hjir en Farsk.
– En fierder kollums, in essee, in filmke en in skildere portret.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

It is yn Fryslân noait goedernôch of der moat krimmenearre wurde. Sa skriuwt Eeltsje Hettinga op 10 oktober nei oanlieding fan de Gysbert Japicx-priis it folgjende: “Nettsjinsteande it dozyn redakteuren dat it literêre tydskrift Ensafh. telt, kaam it blêd it ôfrûne heal jier net fierder as de presintaasje fan in longlist en in ûnnoazel yninoar knutsele poll.”
Hy skriuwt sels al dat der neat dien is om ‘reuring’ te jaan oan de Gysbert Japicx-priis, De Moanne lit it ek ôfwitte.
Mar op de ensafh-poll is in soad stimd wurden, ek al is it net in offisjele poll. En ferrassend is dat der sa’n relatyf ûnbekend wurk as ‘winner’ út de bus kommen is.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Hoe maklik men ynkognito gean kin, is net te leauwen. En mei maklik doel ik derop dat men dêr gjin grutte muoite foar hoecht te dwaan. In sinnebril is nammentik al foldwaande. En in pear moaie giele klompkes.
It komt nammentlik gauris foar dat ik sa op ’e fyts myn – meast – deistige blokjes om fyts en dan ek wolris in bekende tref. Dy groetsje ik dan, en krij meast in groet wer werom. Lykwols is dy groet fakentiids in plichtmjittigenien. Je wurde groete, dan groetsje je werom. Sa giet dat. Ofrûne saterdeimoarn herkende in redaksjelid my net iens.
As sa’n simpele siel as my sa maklik ûnherkenber wêze kin, moat it foar grutte stjerren ek te dwaan wêze.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Simmerfakânsje is komkommertiid sizze se, mar dat giet lang net altyd op. Want yn ’e fakânsje hat him moai wat ôfspile. De diskusjes fiere heechtij op allerhande social media en op it nije ensafhoarum (link).
Krityk is fansels goed, wannear’t it opbouwend is. Tusken alle skellerij sitte wol dingen dy’t it oertinken wurdich binne. En dat sil ik ris dwaan no’t ik op it stuit yn Eastenryk sit om te bekommen fan ’e ferhúzerij dy’t ik no achter de rêch haw.
Ensafh is neat mei neat, komt it bytiden op del. Wis, wy soene mear dwaan kinne en benammen mear helje kinne út de digitale tûke dy’t wy hawwe.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Jawis minsken, de fakânsje stiet foar de doar en ek wy as redaksje binne dêr nedich oan ta. De 16e fan septimber binne wy der wer mei in nije ôflevering.
Dit nûmer is ekstra tsjok wurden, om’t jimme der justjes langer mei ta moatte.
Us webmaster giet wol safolle mooglik troch yn de ensafhakânsje, dus de blogfragminten ensafh. wurde hieltyd ferfarske.

Poëzij

Neffens Himke de Jong moatte wy it mar relativearje.
En Piter Boersma hat sitten te krantlêzen.

Proaza

Ferline jier wie der in priisfraach útskreaun om yn ’e geast fan Rink van der Velde in fjildferhaal te skriuwen. Rommert Tjeerdsma syn ferhaal wie goed foar de twadde priis.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Cornelis van der Wal wol hawwe dat ik him ris flink yn ’e bek hingje. Der moat wer wat mear deilis komme yn ’e no brave Fryske literatuer. Mar dan moat it ek net sa ferrekte maklik wêze om der tusken te kommen. De redaksje fan ensafh hie steefêst út elitêre literêre oerwagings myn poëzij wegerje moatten en my alhiel net yn de redaksje freegje moatten. Faaks hie ik dan wat opstanniger wurden en lange polemiken skreaun yn in eigen oprjochte tydskrift. Mar ik sit hjir no in jier yn de redaksje en haw it altyd noch poerbêst nei myn sin.… Lês fierder