Snein lêstlyn wie der wer in Literêr Sirkwy, dêr’t in gefolch fan hjir op Poadium stiet: Edwin de Groot mei syn Roomske Monolooch. De tsjerke yn Poppenwier siet grôtfol. Dat betsjut neffens my dat de literatuer libben is. It soe dêrom ferrekte spitich wêze as troch besunigings en wat al net dêr gjin jild mear foar wêze soe. It kulturele klimaat soe dan útstjerre. En dan om ‘e 14 dagen in nije ôflevering fan ensafh op ynternet. En it is net allinnich mar in spultsje fan âlde lju, dat bewiist de debutante Sigrid Kingma mei har gedicht Tiid, myn maat.… Lês fierder
Foaropwurden
Foaropwurd
Poëzij
De poëzij is diskear wer fan Ruurdtsje de Haan dy’t trochset mei har nijsgjirrige Escher-rige.
Ek Tigchelaar leveret diskear in bydrage.
Kollum
De wenstige kollums binne wer fan Willem Winters, no mei syn frou. Sokke pepsels haw ik noch nea hân, wol ik leauwe. Dat wie dan ek justjes foar myn tiid.
En Skermer hat mear as samar in oprisping!
Besprek
Eric Hoekstra hat de oersetting fan Jules Verne, In wrâldreis yn 80 dagen, besprutsen.
Reisferslach
Ulke Brolsma is wer op reis en sil fan syn avontoeren elke edysje in reisferslach fersoargje. Diskear is er yn Yndia. It lân hat twa kanten.… Lês fierder
Foaropwurd
It klinkt klisjee, mar dat komt, omdat it gewoan sa wier as wat is: Fjirtjin dagen binne samar om. En dêrom hjir wer in nije ôflevering fan de digitale ensafh. En dan wurdt soks ek noch ferswijd yn it Boekemagazine? (Sj. kommintaar) De 34e ôflevering fan ensafh bewiist dat der mear literatuer is as wat dêr ynstiet. Om noch mar te swijen fan alle edysjes fan Farsk.
Hawar, diskear wer in nijsgjirrige ynhâld:
Poëzije
Om te begjinnen hat Piter Boersma in nije foarm fan gedichteskriuwen fûn. Nei Stjoer de strjitmakker moast er fansels in nij útgongspunt fine, en dat hat er dien.… Lês fierder
Foaropwurd
Eare
Noch net sa mâle lang lyn bin ik frege wurden om de redaksje fan ensafh te fersterkjen. Fersterkjen? Wat soe ik no betsjutte kinne? Lykwols woene se my der wol by hawwe, en dat fielde as in hiele eare. De twa gearkomsten dy’t ik hân ha, wiene wier as in waarm bad. Noflike gearsit mei serieus praat oer literatuer.
Op de earste gearkomste waard ik frege om it einredakteurskip fan Piter Boersma oer te nimmen wat de digitale ferzje fan ensafh oanbelange. Dat gie my hurd genôch en ik twifele wer oan myn kapasiteiten. Lykwols soe ik der geandewei wol yn thús reitsje en fansels koe ik op help rekkenje, sa waard sein.… Lês fierder
Foaropwurd 32
Dit is de lêste ôflevering foar de simmerfakânsje. Pas op 17 septimber sil ôflevering 33 ferskine.
It sil wol sa wêze dat yn de rin fan de simmer in pear kear in bydrage oan dizze ôflevering foar it lange simmerskoft tafoege wurde sil.
Fierders sille de oare rubriken op ’e ensafh-site wol hieltyd fan nije items foarsjoen wurde. De nijsfoarsjenning giet dus gewoan troch.
Elske Kampen en Edwin de Groot
Fan har binne de gedichten yn dizze ôflevering. It gedicht fan Elske Kampen is in foarpublikaasje fan har te ferskinen debútbondel:
letters swart as krobben út dyn hân
en lit se yn it sân, as lûkt de grûn,
ta wurden rûgelje
Edwin de Groot syn gedicht slút wat de tematyk oangiet moai by dat fan Kampen oan:
Faaks dat myn klapwjukjen flechtich
it ôffeljen strjemmet of opmoediget miskien
wat fan ’e grûn komt wer
yn ’t sied sjit
Anne Feddema
Anne Feddema leit him de kommende tiid ta op it skriuwen fan proaza, wat liede moat ta in nije ferhalebondel.… Lês fierder
Foaropwurd
Nei dizze noch ien ôflevering, dan is it foar de ôfleverings fan ensafh earst fakânsje. Nei dizze ôflevering op 25 juny noch ien en dan pas wer op 17 septimber. Mar de nijsrubriken fan ensafh sille de hiele simmer gewoan trochgean.
De wûndere en prachtige wrâld fan de poëzy. Yn dizze ôflevering twa nije gedichten fan Hiltsje Jongsma (‘leppelje ik letters’) en ien fan Teije Idzardi (‘Sleepnetfiskje oer de boaiem fan myn siele’). Gau lêze.
Dizze kear ek wer in oersetting fan de hân fan Andries Miedema fan in gedicht fan Slauerhoff (‘de tsjeppe froulju dy’t ik mij; / ferdiele meie se myn soldij.’).… Lês fierder
Foaropwurd
It komt fan de maitiid.
De nije ôflevering fan ensafh is der wer. En der binne noch Fryske skriuwers genôch om sawol libbene en nijsgjirrige ôfleveringen foar ensafhynternet en ensafh op papier te meitsjen. It is sels sa dat der troch dy twa ensafhmedia folle mear publikaasjeromte foar de skriuwers is as in pear jier lyn.
Sa net, soms slacht de panyk dochs even ta, dan tink je, ha wy noch Fryske skriuwers en dichters fan tusken de 20 en 30. Op ’t stuit oppenearje har mar ien twa. Miskien binne der mear mar ensafh merkt dêr de lêste tiid net folle fan.… Lês fierder