Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Anne Feddema

Dit nûmer stiet yn it teken fan Anne Feddema. Hy krijt dizze wike, tongersdei 15 oktober op it stedhûs yn Boalsert, de Gysbert Japicx-priis 2009 útrukt foar syn dichtbondel

Reidhintsje op ’e styx út 2005. De Gysbert Japicx-priis is de wichtichste priis binnen de Fryske literatuer en de priis wurdt om ’e twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy, sas dit jier.

Anne Feddema hat foar dizze ôflevering in nij gedicht ôfstien, ‘Dea lâns de dyk 1’, de delslach fan in reis nei Ruslân: ‘It wie de dea op skreagen’.

Yn de rige fraachpetearen dy’t Hidde Boersma foar ensafh makket is it dizze kear fansels Anne Feddema dêr’t er by op besite west hat: ‘No moat ik my sa stadichoan mar gedrage as in priiswinner: kreas yn ’t pak.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn dizze ôflevering binne de poetyske bydragen fan Geart Tigchelaar mei ‘De beam’ en Jacobus Q. Smink mei ‘Safety Zone’. De gedichten stean op ûnderskate wizen foarinoar oer, bygelyks dizze rigels: ‘it boartsjen waard tútsjen / wy fersprutsen mekoar’(Tigchelaar) en ‘dream mar lekker sliepende prinses / hjir stiet gjin tuter foar dy ynspand’ (Smink)

It tema fan de  konfrontaasje mei ûnnoflike kanten fan in oare kultuer, in oare wrâld krijt yn it ferhaal ‘Ynbine’ fan Jouke Hylkema fansels in ynfolling dy’t even ferbjusteret. Hy lit ús op in oare foet stean.

Willem Winters docht ferslach fan in ûntdekking: de jongerein fan tsjintwurdich… der is neat nijs ûnder de sinne.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Earst dit. De redaksje fan ensafh lokwinsket Anne Feddema fan herten mei it takennen fan de Gysbert Japicx-priis 2009!

Dan:

It hat in simmerlang duorre, faaks te lang, mar it is safier. Der stiet wer in nije ôflevering online.

Heidi en Edwin de Groot drage in gedicht by. Heidi is útskroeven oer ‘barnstien’. ‘Roomske monolooch’ fan Edwin de Groot, mei dêryn de rigel ‘Al draait om ús, Galileo Galilei!’ hat al yn de papieren ensafh nûmer 4 stien, mar is dêr spitigernôch net goed ôfprinte. Dêrom hjir no nochris. Ek no noch net sûnder wryt of slyt, yn de earst strofe rinne noch twa rigels oer nei de folgjende rigel, dat hat te krijen mei de bledspegelbreedte, it is net oars.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de lêste ôflevering fan ensafh foar de simmerfakânsje. De folgjende ôflevering, nûmer 13, ferskynt op 12 septimber. Dat wol net sizze dat der gjin beweging op ensafh wêze sil. De trochrinnende rubriken Teleks, Meidielings, Poadium, Blogfragminten sille wol hieltyd ferfarske wurde. Dat de hiele simmer is der op ensafh likegoed fan alles te rêden; even op ensafh sjen sil dêrom yn ’e simmermoannen alle kearen wol wat opleverje.
Sa sil oant healwei augustus op Poadium, krekt as oant no ta, om ’e pear dagen in nije ôflevering ferskine yn ’e rige Wa wint de GJ-Priis 2009?. Healwei augustus binne dan alle foar de priis yn oanmerking kommende bondels yn ’e etalaazje set.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Earder dit jier hat Ruurdtsje de Haan alris inkelde gedichten bydroegen dy’t se skreaun hat nei oanlieding fan keunstwurken fan M.C. Escher. Op dizze ôflevering in folgjend gedicht yn dy rige.

Skermer syn kollum giet oer ‘opite’. De oanlieding leit yn de tiid fan it jier: de ierdbeien binne ryp.

Jouke Hylkema syn ferhaal giet frjemdgenôch net oer ‘fytse ‘op pinkstermoandei:  ‘Wy fiele ús as keningen yn ’e loft op dizze peaskemoandei fan 2009, de earste Alvestêdetocht foar  oldtimer-sweeffleantugen.

Op dizze ensafh ek de tredde ôflevering fan Willem Winters syn ‘Swarte Waaksens’: ‘Mar ûnbekend as er hjir wie, hie er gjin idee hokker rjochting him de bêste kâns joech.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn dizze ôflevering stiet nei ‘Fryske Buddy’ yn de foarige ensafh op ’en nij in gedicht fan Eric Hoekstra, dizze kear fol mei (taalkundige) kaprioalen: ‘De p en de d steane foar soixante-neuf.’ It hyt net foar neat ‘Kosmyske lustposysjes yn in nút.’

De jonge dichter Geart Tigchelaar is ek fan de partij. Hy draait en befingeret in klútsje klaai.

Fan Willem Winters is der de twadde ôflevering fan ‘Swarte Waaksens’, in konfrontaasje tusken byld en tekst.
Jouke Hylkema ferkeart as skriuwer fan ferhalen yn ensafh gewoanwei yn it hjir en no, yn syn bydrage yn dit nûmer giet er net foar neat werom nei 1995.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is al wer it njoggende nûmer fan ensafh. No en? Nee, neat.

It is lang lyn dat Eric Hoekstra poëzy publisearre hat. Mar yn dizze en de folgjende ôflevering is er fan de partij. Yn dit nûmer meldt er him mei it gedicht ‘Fryske Buddy’.
Yn it kommende nûmer fan ensafh op papier dat ein juny ferskynt sil ek poëzy fan him opnommen wurde.

Yn dizze ôflevering stiet it slot fan Andries Miedema syn projekt ‘De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set’ en ek it lêste stik fan de Ingelske oersetting fan Janneke Spoelstra har ferhaal ‘Strawberry Fields Forever’.… Lês fierder