Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn dizze ôflevering fan ensafh stiet in besprek fan de debútbondel Wa’t tate seit moat ek whisky sizze fan Sytse Jansma troch Rieuwert Krol: ‘Hy is in keunstner, dy’t de taal hantearret as de skilder de ferve of de gitarist de noaten.’
Yn ensafh 4 stiet in fraachpetear fan Hidde Boersma mei de debutearjende dichter (sjoch Argyf).

En op dizze ensafh it tredde part fan de Ingelske oersetting fan Janneke Spoelstra har ferhaal ‘Strawberry Fields Forever’ en al wer de achtste ôflevering fan Andries Miedema syn projekt ‘De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set.’… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de sande ôflevering fan ensafh-digitaal.

Yn dit nûmer stiet de dichter Pier Boorsma sintraal. Hidde Boersma hat in fraachpetear him hân. It is te omskriuwen as in foech libbensferhaal: ‘Pier Boorsma is in man mei in fleurige glim om ’e mûle. In man dy’t fan it libben hapt as in oaljefant fan gistend fruit. Hy genietet, mar hy wit likegoed hoe kâld it wêze kin yn it skaad fan ’e geneugten.’ It eigensinnige portret by it fraachpetear is makke troch Klaas Lageweg.

Dêrnêst is fan Pier Boorsma it gedicht ‘Bohemiens’ opnommen, dat yn it fraachpetear ek te praat komt.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de sechsde ôflevering fan ensafh-digitaal.

De ôflevering iepenet mei de sechsde ôflevering fan it poëzyprojekt fan Andries Miedema. Hy hat fan it ferhaal ‘De laatste reis van de Nyborg’ fan J. Slauerhoff hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er hieltyd foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De eardere ôfleveringen stean yn ensafh 1-5.
De twadde poëzybydrage is fan Edwin de Groot. Yn it gedicht ‘Ald reed’ soe er, mar giet er werom.

Fêste meiwurker Jouke Hylkema hat it yn syn altyd op aktualiteit weromgeand ferhaal dizze kear oer de stân fan ’e fiskerij, krekter sein oer de stân fan saken yn ’e ielfiskerij.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de fyfde digitale ôflevering, de earste dy’t net mear op ’e âlde Farsk-side ferskynt. Wy binne bliid dat de nije webside fan ensafh no einlings online is.

ensafh is it nije tydskrift dat ûntstien is út de fúzje fan ynternet-tydskrift Farsk en it op papier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.

Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Sjoch dêrfoar ûnder it menu

Abonnemint.

Yn dizze ôflevering wat de poëzy oangiet in boartlik fers fan Hindrik Spin en it ferfolch fan de publikaasje yn ôfleveringen fan in projekt fan de dichter Andries Miedema.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de fjirde digitale ôflevering fan it nije tydskrift ensafh dat ûntstien is út de fúzje fan ynternettydskrift Farsk en it op papier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.

Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Dat kostet 27 euro jiers. Jo kinne dêrfoar maile nei redaksje@ensafh.nl

De ôfleveringen fan ensafh sille net folle ôfwike fan dy fan it eardere Farsk. Geandewei sille saken fernijd wurde.

Nij is no al, dat Willem Winters, fan wa’t jierrenlang de fêste rubryk Digerje yn Hjir ferskynd is, tenei in ‘fêst gesicht’ op ensafh-digitaal wêze sil.Yn… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd ensafh 3

logo.ensafh

Dit is de tredde digitale ôflevering fan it nije tydskrift ensafh dat ûntstien is út de fúzje fan ynternettydskrift Farsk en it op papier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.

Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Dat kostet 27 euro jiers. Jo kinne dêrfoar maile nei redaksje@ensafh.nl

De ôfleveringen fan ensafh sille net folle ôfwike fan dy fan it eardere Farsk. Geandewei sille saken fernijd wurde.

Nij is no al, dat Willem Winters, fan wa’t jierrenlang de fêste rubryk Digerje yn Hjir ferskynd is, tenei in ‘fêst gesicht’ op ensafh-digitaal wêze sil.Yn… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd ensafh 2

logo.ensafh

Dit is de twadde digitale ôflevering fan it nije tydskrift ensafh dat ûntstien is út de fúzje fan ynternettydskrift Farsk en it op paier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.

Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Dat kostet 27 euro jiers. Jo kinne dêrfoar maile nei redaksje@ensafh.nl

De ôfleveringen fan ensafh sille net folle ôfwike fan dy fan it eardere Farsk. Geandewei sille saken fernijd wurde.

Nij is no al, dat Willem Winters, fan wa’t jierrenlang de fêste rubryk Digerje yn Hjir ferskynd is, tenei in ‘fêst gesicht’ op ensafh-digitaal wêze sil; moai meinommen dêrby is, dat de yllustraasje(s) dy’t altyd by syn bydrage stiet / stean, no yn kleur te sjen is / binne.… Lês fierder