Piter Boersma

Foaropwurd ensafh 2

logo.ensafh

Dit is de twadde digitale ôflevering fan it nije tydskrift ensafh dat ûntstien is út de fúzje fan ynternettydskrift Farsk en it op paier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.

Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Dat kostet 27 euro jiers. Jo kinne dêrfoar maile nei redaksje@ensafh.nl

De ôfleveringen fan ensafh sille net folle ôfwike fan dy fan it eardere Farsk. Geandewei sille saken fernijd wurde.

Nij is no al, dat Willem Winters, fan wa’t jierrenlang de fêste rubryk Digerje yn Hjir ferskynd is, tenei in ‘fêst gesicht’ op ensafh-digitaal wêze sil; moai meinommen dêrby is, dat de yllustraasje(s) dy’t altyd by syn bydrage stiet / stean, no yn kleur te sjen is / binne.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

Foaropwurd ensafh 1

logo.ensafh

Dit is de earste digitale ôflevering fan it nije tydskrift ensafh dat ûntstien is út de fúzje fan ynternettydskrift Farsk en it op papier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.
Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Dat kostet 27 euro jiers. Jo kinne dêrfoar foarearst noch maile nei postmaster@farsk.nl of redaksje@hjir.nl

De ôfleveringen fan ensafh sille net folle ôfwike fan dy fan it eardere Farsk. Geandewei sille saken fernijd wurde.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 127

logo.ensafh

Farsk (en Hjir) fierder ûnder in nije namme
Dit is de lêste ôflevering ûnder de titel Farsk. Farsk hat dêrmei syn 6e jiergong folmakke en giet hjirnei fierder ûnder in oare namme.
Wêrom?
It tydskrift Hjir en it ynternettydskrift Farsk ha yn 2008 redaksjoneel de lapen gearsmiten mei it doel om mei yngong fan 2009 te fusearjen. De reden: yn Hjir en op Farsk publisearren foar in part deselde auteurs, de tydskriften stiene ynhâldlik ticht byinoar, se soene inoar ynhâldlik en redaksjoneel fersterkje kinne. Sa soe in stevige basis lein wurde kinne foar de beide tydskriften ûnder in nije namme.
En sa sil it no.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 126

logo.ensafh

De ien nei lêste Farsk set passend útein mei in krystgedachte.

Priiswinnende gedichten poëzyjûn Harns
Op dizze ôflevering stean de priiwinnende gedichten fan de poëzyjûn yn Harns. It publyk op dy jûn koene it gedicht stimme dat se dy jûns it moaiste fûn hiene.

En fierders
Skermer giet it alfabet bylâns.
Katteleafhawwers lês gau. Jouke Hylkema bejout him yn ’e wrâld fan de ‘haptonomyske effekten’.
Aggie van der Meer draacht it ferhaal ‘De susters’ by.
En op dizze ien nei lêste Farsk de ien nei lêste ôflevering fan de Midfryske toanieltekst Waatze Gribberts Brulloft.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 125

logo.ensafh

Ynternetgedicht pur sang
As der no ien gedicht hielendal teplak is op it yntrnettydskrift Farsk dan is it wol it gedicht fan Jacobus Q. Smink op dizze ôflevering. Mar gau der hinne en lêze.

Skermer yt pastinaak.

Jouke Hylkema hat in kollum skreaun oan immen dy’t nuvergenôch en alhiel te’n ûnrjochte de De Kanon fan de Fryske Skiednis net helle hat.

Op dizze Farsk ek in poëzybesprek. Edwin de Groot lit syn ljocht skine oer de debútbondel ‘Fragminten’ fan Jan Kleefstra.

De nije ‘Spiegel’
Foar de wissichheid: de nije Spiegel van de Friese poëzie, gearstald troch Pier Boorsma,Teake Oppewal en Geertrui Visser is ferskynd.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Op dizze ôflevering in gedicht yn it Biltsk fan wa oars as Hein Jaap Hilarides. Hein Jaap is mei dichtsjen begûn yn it Frysk. Hy is ek muzikant en op ‘n stuit hat er him talein op Biltske teksten by syn muzyk. Dat wie de opstap om ek it Biltsk foar syn poëzy te brûken. Eksimpels dêrfan ha al yn Hjir stien en dan no ek ien op Farsk. Genietsje derfan, want it brûken fan it Biltsk hat oan syn dichterskip in geweldige ympuls jûn.

En Skermer? De tiid fan it jier hat him te pakken en hy is der bliid om.… Lês fierder