Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 6, 2018

logo.ensafh

 

Redaksjoneel

It geheim fan Fryslân

Op ’e webside fan Ensafh stie fan ’t hjerst in oprop om ferhalen en essees te skriuwen foar it lêste Ensafh-nûmer fan dit jier:

‘It lêste Ensafh-nûmer fan 2018 sil wijd wêze oan it Fryske proaza, mei dêryn ferheljend proaza, besprekken en essees.
Wy sille dat nûmer de titel ‘It geheim fan Fryslân’ meijaan. Wy referearje dêrmei oan it feit dat Fryske romans en ferhalebondels hieltyd minder lêzen wurde. De Fryske lêskultuer stiet ûnder druk. It Frysk proaza wurdt sa stadichoan in geheim.
Wy nûgje proazaskriuwers en wa’t de ambysje hat om ferhalen te skriuwen út om wurk foar dat nûmer yn te stjoeren.… Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 5, 2018

logo.ensafh

Skriuwe foar toaniel
Dit nûmer set útein mei in artikel fan Oene Spoelstra oer it plak en de mooglikheden fan de skriuwer yn it toaniel. De ferbining tusken de toanielwrâld en de skriuwers hat gjin struktureel karakter. Hoe soe dat oars kinne?
Spoelstra hat syn syn stik skreaun nei oanlieding fan de gearkomsten dy’t it Skriuwersboun belein hat om de Fryske skriuwerij en it toanielskriuwen tichter by-inoar te bringen.
Yn syn artikel sketst er it sa ôfgryslik feroare en feroarjende toaniellânskip fan hjoed-de-dei en dêrnei giet er yn op mooglikheden dy’t der foar skriuwers lizze om dochs binnen de wrâld fan it toaniel in nijsgjirrich plak te beskreppen.… Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4, 2018, Relynûmer

logo.ensafh

Redaksjoneel

Hjir leit wer it jierlikse Ensafh-nûmer mei de priiswinnende ferhalen en gedichten fan de Rely Jorritsma-priisfraach foar jo. Der is al wat feroare. Yn it foarste plak dit: dat de gemeente Littenserdiel net mear bestiet en it bestjoer fan de stichting oergongen is nei de gemeente Ljouwert. It hoe en wat wurdt yn it foarwurd by dit nûmer, ‘Rely Jorritsmafûns ûnder nij bewâld’.

 

Ynhâld

Redaksjoneel

Rely Jorritsmafûns ûnder nij bewâld

John Bosma
Au

Paul van Dijk
Kintsugi foar in diggelbast

Edwin de Groot
Sa as di wynd fan dae vlkenum wayde,

Sipke de Schiffart
In bysûndere moeting

Margreet de Jong
It weagjen fan de see

Lomme Schokker
It weagjen fan de see

Koos Tiemersma
De ereksje fan in oar

Oer de skriuwers

Sjueryferslach Rely Jorritsma-priis 2018

 

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 3, 2018

logo.ensafh

Redaksjoneel

Dit nûmer set útein mei twa bydragen fan Joël Huitema, dêr’t Ensafh al faker wurk fan opnommen hat. Huitema besiket om yn syn literêr wurk it Súdwesthoeks Frysk dêr’t er mei grut wurden is syn gerak te jaan. Literatuer is ek it plak foar sokke nijsgjirrige ynfalshoeken en ekperiminten. Dat dat in hiel gedoch is komt nei foaren yn it gedicht ‘o-umlaut’. Lês hjir fierder (pdf)Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 2, 2018

logo.ensafh

Yn it redaksjoneel fan it foarige nûmer ha wy oankundige dat dit jier yn ien fan de nûmers it Fryske proaza tema wêze sil. Yn dat redaksjoneel stiet ek dit: ‘De Fryske poëzy stiet sûnt jier en dei better oanskreaun as it proaza. Mar dêr’t by proaza de ferkeapsifers as graadmjitter meitelle is dat by poëzy eins net it gefal.’ Yn oansluting op dit lêste kin steld wurde dat as it giet oer de ferkeapresultaten, ferkeapmooglikheden, om diagnoaze fan de situaasje fan de Fryske literatuer en útstellen ta ferbetteringen, it winliken giet om it proaza, om romans en berneboeken. In pear jier lyn al wer hat Ensafh de opdracht krigen om stikken te produsearjen oer de stân fan saken oangeande de Fryske literatuer, rjochte op benammen de ynfrastruktuer.… Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 1, 2018

logo.ensafh

It earste artikel yn it earste nûmer fan dit jier is it besprek fan De nacht fan Mare, de nijste roman fan Willem Schoorstra. Dat foaroansetten fan it besprek fan in proazawurk is bedoeld as statement. Yn it lêste nûmer fan 2017, it nûmer mei as tema Baskelân, yn it stik ‘In Baskysk-Frysk petear’ fan Eneko Aizpurua en André Looijenga seit de lêstneamde: ‘As orizjinele Fryske literatuer relevant bliuwe wol (of wurde wol), moat dy djipgravender wurde – sawol yntelliginter as ûnderhâldender wurde. Benammen jildt dat foar it proaza yn it Frysk. Ik fyn dat op dit stuit mar in bytsje Fryske romanskriuwers echt in koartswilige, nijsgjirrige styl hawwe.… Lês fierder