Piter Boersma

Foaropwurd 109

logo.ensafh

Foaropwurd

fan freed 15 febrewaris 2008

Dit is al wer de tredde ôflevering fan 2008. It giet fluch. Men moat der by wêze.

‘Ik geniete fan de frisse lucht dy’t ik opsnúfde doe’t ik de ruten iepen sette,’ is in rigel út it ferhaal ‘Lytse dingen’ fan Froukje Postma. It is foar it earst dat fan Froukje wat op Farsk stiet. Yn 2006 wûn se mei in ferhaal de earste priis by de Junior-Rely en ferline jier wer mei in ferhaal, daliks ek mar in Rely Jorritsma-priis by de ‘grutten’. Yn De Moanne stie ek al in ferhaal fan har en ien fan ’e kommende Hjir-nûmers sille de lêzers har wer tsjinkomme.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 108

logo.ensafh

Foaropwurd

fan freed 1 febrewaris 2008


 
Dit nûmer en fierder

Op ’e foarige ôflevering stie al in bydrage mei de oantsjutting ‘foarpublikaasje’. Op dizze Farsk stean trije. It is ús stribjen om fan safolle mooglik literêre útjeften dy’t op ferskinen stean in fragmint of gedicht as foarpublikaasje te pleatsen.

Wy wolle de sinjalearfunksje fan Farsk fergrutsje en dy foarpulikaasjes foarmje dêr in ûnderdiel fan. Sa sille wy meikoarten mei in aparte rubryk foar it koart sinjalearjen en beskriuwen fan útjeften en artikels út ein sette en nêst de rubryk Teleks ek mei in (literêre) aginda.

By it boppesteande slút oan de publikaasje op de dei sels fan de Alvestêdegedichten dy’t skreaun binne yn it kader fan de Nasjonale gedichtedei op 31 jannewaris.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 107

logo.ensafh

Foaropwurd

fan freed 18 jannewaris 2008

In oergongsjier: Farsk-Hjir
2008 wurdt foar Farsk in oergongsjier. Yn it redaksjoneel by it foarige nûmer is al oankundige dat Farsk en Hjir dit jier al redaksjoneel gearwurkje sille en dat der op ta wurke wurdt om mei yngong fan takomme jier mei in nij fúzjetydskrift út ein te setten. De plannen dêrfoar binne ûndertusken oan ’e subsidiënten foarlein.
Wy hoopje dat it dit jier al slagje sil om sawol Farsk as Hjir te fersterkjen en út te bouwen, sadat der in goede basis leit foar 2009.

Redaksjegearstalling
De redaksje fan Farsk (en Hjir) bestiet no út: Greet Andringa, Piter Boersma (haadredakteur), Edwin de Groot, Inge Heslinga, Sytse Jansma, Jelma Knol, Jacobus Q.… Lês fierder

Dûbeld foaropwurd 106

logo.ensafh

foaropwurd 106

fan freed 21 desimber

Us lêste Farsk fan 2007 is in echt dûbelnûmer. Krystnûmer en perfoast gjin(!) trystnûmer, mar wol in bytsje fan it dûbele gefoel.

Jo ha no fansels it Grutte Dûbelnijs al meikrigen: Farsk en Hjir geane redaksjoneel gearwurkjen en sille oan op in fúzje yn 2009. Tegearre wolle wy ta op in hiel nij blêd, mei in nije namme – dy ’t noch betocht wurde moat, lykas de úteinlike nije tydskrift formule.

It is miskien efkes skrikken, want fansels is hjir (ik bedoel Fryslân) de earste gedachte: in Frysk Literêr Tydskrift minder, wurdt it dêr wol better fan?… Lês fierder

foaropwurd 105

logo.ensafh

foaropwurd

fan freed 7 desimber 2007

Sinteklaas is fuort, jo kinne wer efkes útblaze, want # 105 iepent dermei yn in moai loftich fers fan Meintsje Brouwer; har debút op Farsk.

Henk Liauckema syn fers Chantal bringt de loft ek poëtysk yn beweging, mar dan wer hiel oars.

Durk Linige docht ús oan mei syn fers by de betide dea fan syn leave dochter Cynthia, yn de Mid-Frysk Goud rige fan Eric Hoekstra.

Abe de Vries is oandien troch de muzyk, it libben en de fersen fan de yn 1997 ferstoarne dichter/sjonger Townes van Zandt. Yn syn essee – plus twa filmkes mei Townesmuzyk – ek Fryske oersettingen fan Townes-lieten troch Gerrit Breteler en Beorn Nijenhuis.… Lês fierder

Foaropwurd 104

logo.ensafh

foaropwurd 104

fan freed 23 novimber 2007

Dit is F-nûmer 104, in nij haadstik byskreaun yn it lange oersjoch fan Farsk-additiven, in list al hast like lang as de E-list dêr ’t Koosje Melis sa mei omrint. Kinne jo se, dy E-nûmers op de ferpakking fan wat jo ite?
Heare jo ek by it leger fan etiketlêzende zombie’s yn de supermerk? Dy lju dy’t -hoewol minder leven meitsjend- like ferfelend de wei nei jins favorite pizza blokkearje as de breedút kletsende kloften fan inoar treffende kunde yn ’e gongpaden? 
 
Binne jo faaks ek sa ferslaafd oan it witten-wat-jo-ite dat oaren der gek fan wurde?… Lês fierder

Foaropwurd 103

logo.ensafh

foaropwurd 103

fan freed 9 novimber 2007

Binne jo ek sa kjel wurden?
Fan de  ‘superstoarm’ dy’t troch in Ingelsman foarsein is en oersetten troch ús Pyt op syn waarpraatlog? Of fan ’e wurdfierder fan in groepke domme Damwâldsters dy’t net doare en kom oer de hage foar jo nije buorlju? Ja, it is slim ûnlijich waar yn Fryslân, mar… it is hjoed ek GoedNijsdei!
Dus, foar tsjinwicht yn dizze rûzige novimberstoarmdagen komt Farsk 103 mei fleurigens en haachlike wurden:

Klaas Bruinsma skreau in dútsktalige parody op Die Forellen en makke der in baksoad fisk fan yn syn Fryske oersetting.… Lês fierder