Foaropwurd 94

logo.ensafh

foaropwurd

freed 20 april 2007

Skimeret Farsk 94 yn de Twilight Zone?

Jaap Krol hellet dizze Golden Earring-hit oan yn syn Krollum. Kloos komt út it ferline foarby mei it fers ‘Ik denk altoos aan u’ en Andries Miedema set dêryn ‘bleke moarnsmist’ oer. Hakan Jörder nimt blau ljocht waar. En wat is der waar te nimmen yn Paad fan Albertina Soepboer? Jelle Zwart komt yn trije fersen mei waarnimmingen, fan libbenden en ferstoarnen. Yn Farskradio Jan en Romke Kleefstra mei De dea weromfûn.

tz1.jpg

Oer seleksjes yn it waarnimmen en it skriuwen fan histoarje hat IJsbrand van den Berg syn Krityk, as reaksje op it besprek fan Eric Hoekstra (Farsk 93) oer Kerst Huisman syn fisy op de ‘Fryske Kanon’.… Lês fierder