Redaksjoneel
It is noch simmer, wylst ik dit skriuw, mar de ekwinoks en de hjerst slûpe stadich neieroan. De sinne is noch wol fûl, mar moarns en yn it skaad is de lucht wer skrousk. De ierde rûkt fochtich en oerryp, de fruchten gêstje oan ’e tûken. In tiid fan en nei de rispinge, wat ekstra tiid. De natoer hat him deljûn, en rintenieret.
Ik toffelje myn boekekast op en del, de adrenaline fan kommende ferhuzerij hâldt my wekker yn ’e nacht. Ik karmasterje de opbringst fan jierren: wat sil mei, wat kin nei de kringloop, wat skatten lizze der yn rigen efter de rigen.… Lês fierder