Poëzij
fergonklikheid
ynienen yn ‘e modus
fan de fergonklikheid
ik hie der weet fan
ommers alles is fergonklik
mar myn eigen fergonklikheid
stiet fier fan mij ôf
hoe moat ik mij hâlde en drage?
moat ik de minsken
earnstich yn ‘e mjitte komme?
moat ik ienlik gûle yn ‘e nacht?
it oerfalt mij
ik haw der gjin antwurd op
moarns wurd ik wekker
en tink
is it wier
dat minsken stjerre
bestiet de dea werklik?
yn hokker wrâld bin ik bedarre?
miljoenen minsken
hawwe foar mij it trajekt nei de dea ôflein
dan moat ik it dochs
ek kinne?
mar ik wol net dea
ik wol libje
libje as in hert… Lês fierder
Heit
ivich betinken
as ik in grut hûs in filla in bûtenpleats
in kastiel in paleis sjoch of myn eigen hûs
in rjocht en sljocht hoekhûs fjouwer ûnder ien kap
tink ik altyd wêrom moat in mins grut wenje
wêrom sa’n soad romte as eigen ynnimme
net dat ik net genietsje fan dy bouwurken
en fan al it komfort dêr’t ik sels oer beskik
mar wat by myn wêzen heart is in lyts tintsje
yn myn hûs libje ik noflik en ûngemaklik
oan ien wei pleage troch dat dûbele gefoel
dêrom sloegen de folgjende rigels fan butcho
de japanske berchklûzener sa by my yn
sels in hut fan mar oardel fjouwerkante meter
bou ik tsjin ’t sin as it no ris net reine soe… Lês fierder
Zien knoesten
Onder zien naegels zitten
nog kleine strepies zwatte modder
van et klauwen en maelen
deur de zwaore grond om balsturige
stiender op te diepen.
De veerdige vingers kroem
deur et vrotten mit de schoppe,
die de opdracht van de baos
in een krap tal daegen
uutvoeren mos…
Zien verkrampte spieren stief
deur jaoren winterkoolde,
vostverlet as ‘t echt niet
meer te hadden was en de bevreuren
eerde gien spitte meer toe leut.
Doemen mit gedaachten
an lange buizen en dikke kabels,
verlangst naor et middagschoft
om veur et kacheltien in de keet
de ieskoolde knokkels op te waarmen.… Lês fierder
Winters
by it ôfljochtsjen
de moanne stiet hiel moai yn it noardeasten
net folslein rûn mear en net heech oan ’e loft
mar helder boppe donkere beamtoppen
by it ôfljochtsjen sjoch ik it by gelok
as ik noch even in stap nei bûten doch… Lês fierder