Gerrit de Vries

Ik

logo.ensafh

 

 

 

 

Ik

wa bin ik
ik bin in oar
efter myn ferhaal ik
wit tsjin better leauwen yn

foar mysels it allerbelangrykste
ik wie der fan it begjin ôf by
de iennichste dy’t altyd by my bliuwt
en libbenslang nea fuortgean sil

ik bin gjin fariabele
mar in konstante

ik bin ta mysels feroardiele
ik bin myn eigen finzene
en myn sipier
dan de ien dan de oar

ik bin gjin konstante
mar in fariabele

ik bin in kameleon
yn oare wrâlden fersjit ik fan kleur
wylst ik yn in einleas universum libje
is myn wrâldsje tige lyts

ik bin in fisk yn in kom
minsken en dingen dy’t dêrbûten binne
sjoch ik ferfoarme
troch in fergrutglês hinne

ik bin yn god syn djipste tinzen
in tinkende karbonade bin ik
in antyteze
of in paradoks

ik haw in antwurd
mar wit de fraach net

ik bin immen dy’t
fiif minuten foar slutingstiid
oankomt wolkom of net
altyd te let

ik bin gjin aperityf
mar in superlatyf

ik hoech mysels net te sykjen
want ik bin mysels net kwyt
ik stim ôf op it universum
en krij allinich testbyld

Ik bin it lêste puzzelstikje
dat oerbliuwt

krekt net past… Lês fierder

Rein de Lange

Surrogaattee 

logo.ensafh

 

 

 

De kachel jout súntsjes decimberwaarmte frij,
kâlde rein tikket in treurich sankje,
de tichte kleden ûntnimme elts klear sicht.

Ik sit yn de hurde stoel der’t heit
ea de wrâld oerseach. mem mei
mimerjende wurden surrogaattee skonk.

No’t it oerstallige ynpakt is, leit de kalinder
ûnûntkomber it lêste momint fêst.
sil it ljocht op ’e nij feroarje.… Lês fierder

Pier Boorsma

boekebal

logo.ensafh

 

 

 

ik gyng
nei it boekebal
yn ’e stedsskouboarch
de minste skriuwers
sieten op ’e heechste galerij
en sa nei ûnderen
per galerij
de bettere skriuwers
dit wie sa
in krekte wjerspegeling
fan ’e stannemaatskippij

de skriuwer
dreaun troch syn obsesjes
en finzen
yn ’e stannemaatskippij
is uterstee net frij… Lês fierder

Anne Feddema

C. Buddingh’

logo.ensafh

 

 

 

Bin yn Bremen
Haw eat by ALDI kocht
Ik freegje by alle supers
ALDI, LIDL, NETTO, EDEKA,
Dútsk kapitaal,
Om it kassabontsje
Ea koest dêr op’e efterkant
Moai fersen op skriuwe
Das war einmal
Ekoblauwe papierkes
Folle mei ekotekst
Gjin plak foar prakkesaasjes

Faaks wolle jimme witte
Wat hat dy Feddema no kocht?
SA late to go € 1,89
nachla SS € 0,49
Dútske kapitalen dus.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Slingerdûns

logo.ensafh

 

 

 

liet my ferlokje ta in slingerdûns
mei jongfolk en fammeguod
ik stapte oer de foet tebek
en hink honk stikken de boppeskonk

dat ik moat it rinnen wer leare
elke stap sil my beseare
oermoedich liet ik my flaaie
kom dan pake krom

mij it kontakt mei de flier
mei rollator en rolstoel dûnsje
los fan de hurde flier… Lês fierder