foarút
wol of net jin faksinearje litte tsjin koroana?
ast it dochst, kinst deagean oan it faksin,
dochst it net, dan kinst stjerre oan it firus
witst it noait: giest op de fyts nei Dokkum
en wurdst oanriden, dan tinkst, swierferwûne
yn de berm, foardatst weirekkest:
hie ik de auto mar nommen!
mar wiest mei de auto nei Dokkum riden
en tsjin in beam oan botst,
dan hiest tocht, foardatst beswyktest:
wie ik mar op de fyts gien!
dit moat Kierkegaard bedoeld ha
doe’t er skreau dat it libben
inkeld achterút begrepen wurde kin