Rein de Lange

Troubrek 

logo.ensafh

 

 

 

op ’e tafel stean de restanten fan ferwyt
en petearen fol lege glêzen
gjalpje kristalhelder it ûnbegryp

wurden kinne rare kringels meitsje
do hearst wat ik n​et sis, boetsearrest
in wier ferhaal bûten my om

dyn swijen seurt noch wat
mar smyt dan myn namme
resolút út dyn suver bestean… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Fitraaljes

logo.ensafh

 

 

 

de wrâld komt deryn
set de klompen op ’e matte
slofket op geitehierren sokken
sa myn tillefoan yn

alles foar it gripen
it glês is tsjokker
as ea glês west hat

ik raas de longen
út al myn liven
buorlju hearre neat

de wrâld stapt yn ’e klompen
klapt de doar efter him ta
en sjoch him earst
troch de fitraaljes
as er it besnijde paad ôfrint

Foto: Geart Tigchelaar

Lês fierder
Henk van der Veer

Loadsboat

logo.ensafh

 

 

 

in ut dústere water fan de stadsgracht
achter de statege heilege Martinuskerk
leit de Loadsboat, ankerplak foar
fòlk dat hunkert naar liefde en geburgenheid

se hewwe gyn ferlet fan lege holle folsinnen
nee liëver Jan Brandsma- Sneker engel sonder fleugels-
dy’t un immer bemoedegend woard het
like kostber as de duurste mirre en wierook

krekt even anders as soetsappege ferskes
midden in de winternacht en romantisearde herders
-al is dêr fanself op syn tiid ok niks mis met-

dêr in ut dústere water fan de stadsgracht
leit de Loadsboat ankerplak foar dakloazen
wêrfan’t we dachten ‘lauloëne dy binne der
in Sneek tòch nyt?’… Lês fierder

Boekemantsjes, Geart Tigchelaar, Frank Hopwood

Podcast Boekemantsjes: Besprek ‘Lippebiter fan L. / Lippenbijter van L.’ fan Anne Feddema

logo.ensafh

 

Yn dizze twadde ôflevering besprekke de Boekemantsjes de twatalige bondel ‘Lippebiter fan L. / Lippenbijter van L.’ (Afûk 2020) fan Anne Feddema.

Boekemantsjes binne Frank Hopwood en Geart Tigchelaar.

https://anchor.fm/boekemantsjes/episodes/Boekemantsjes-besprekke-LippebiterLippenbijter-flevering-2-en5ick… Lês fierder

Anne Feddema

Klassyk

logo.ensafh

 

 

 

Minsken hâlde net
Mear fan stjerren
Alteast net yn fersen
Stjer as klisjee
Lit de stjer mar
Mankelyk gewurde
Neist in moanne
Kalken bleke
Poppekop
Yn klassike
Sjineeske poëzij

Dy minsken
Kenne my net
Kenne myn wurk net
Kenne harsels net

Libben…freugde
Leafde…dea
Wat ea wie
Wat komme sil?

No, ik ken dy minsken net
Wit net wat se tinke
En oft en wêrom?

Minsken binne my
Frjemder as stjerren
Fierder fuort
Hurder fallend
Hja litte amper ljocht nei… Lês fierder

Atom Yardjanian, Hovhannes Krikorian, Foppe Venema

Nijs fan it Armeenske front

logo.ensafh

 

Նորություններ հայկական առաջնագծից
Nijs fan it Armeenske front

Atom Yardjanian, Hovhannes Krikorian

Twa poëzijoersettings fan Foppe Venema út it Armeensk 

Wylst by ús yn Europa it nijs de ôfrûne tiid behearske waard troch oanslaggen, kroanfirus en Amerikaanske ferkiezingen, fochten Armenië en Azerbeidzjan yn ’e Kaukasus in oarloch út om ’e enklave Nagorno Karabach, troch Armeniërs Artsakh neamd. Dit foar goed 90% troch Armeniërs bewenne gebiet skonk Stalin yn 1921 oan Azerbeidzjan. As it om 1990 hinne mei de Sowjet-Uny berchôf giet, roppe de Armeniërs yn ’e enklave de ûnôfhinklike Republyk Artsakh út, wat útrint op in oarloch mei Azerbeidzjan. De oarloch dy’t 30.000 deaden kostet, wurdt yn 1994 wûn troch de Armeniërs.… Lês fierder