Henk van der Veer

Ouwe maten

logo.ensafh

 

foar Corrie Rameau

allienech dy poëtise Fraanse achernaam fan dij
-binne de Rameau’s afstammelingen fan’e Hugenoaten?-
deed ut hart feller kloppen

dou, jonkje út de Winsemiusstraat fan ’e good-old Noarderhoek
sochst al froech dyn grênzen op as postboade in ut goddeloase Mokum
– un moai endsje ferder as de Ivige Leane dêr’t wij tegare
op goëdkope gympy’s de Avondvierdaagse bedwongen! –

sufeul jaren later sú ik dy monstertòcht op houtsjes
fan Nooitgedacht nòch wear us met dij ride wille over
ut bobbeltsje-ies fan de Franekerfaart richting ferlaten Turns

ut sal nou’t wij de ses krúskes op’e ruch hewwe
wel bij un nostalgys ferlangen bliëve
hoochút un slagje deur ut Wilhelminapark op sundachmòrren
op fraaie lakskoënstsjes met un print fan Herman Brood

tegare nòch een kear de Wilhelminaparkgeiten skillen
– fan buurman Earpeltsje Holkema!-Lês fierder

Janneke Spoelstra

flinters op ’e Boschplaat

logo.ensafh

 

de noardewyn flapt izich oer it dún,
mar yn it suden triljend de slink

flinters op ’e Boschplaat
hoege neat en nearne hinne

wy spiele oan by Heartbreak Hotel
en op genderneutrale húskes troch

jûns knikt de sjonger, as koe er ús
noch, wy liene him it ear en longerje

nei de dochter, komme grif wer,
de fearboat biedt by elke slach

fan it eilân wider blik, skomkop,
skittering en wolk ferdwine, as wy

Lês fierder

Jacobus Q. Smink

myn moasslimme rûpke

logo.ensafh

 

 

hjoed bewûndere se myn
moaie moasslimme kul, like wol
besnijd, ien rukje der oan
it foarfel sa sitten bleau, sear

hie ‘t net dien, yn ien kear
foar altyd besnien, it skeamel
rûpke bleau bleat, as in ikel
dy’t glom, wie er grut

‘t soe my in pûnter wurde,
pontifikaal, koartsich glânzich.
is er yn ‘t echt as er hurd
is ek sa moai, frege se

noch moaier, joech ik ta
as in spiker mei in kop, mar
pine die er dy net kaam er
yn dyn spleetsje, wier net

it soe fiele as wie ‘t syn
natuerlike stee dat dy
dêr stuts, sei ik, do kinst
der fan op oan, it is sa,

sûnder erch wie er grut
en hurd.… Lês fierder

Geart Tichelaar

Yn petear

logo.ensafh

 

Dichter Geart Tigchelaar ûndernimt in fytsreis fan in moanne as fiif, seis troch Europa. Ditkear fytst er tegearre mei de faam. Hy is fan doel om foar Ensafh yn alle lannen dêr’t hja komme in proazagedicht te skriuwen. Hjirby de sechde, dy’t yn Slovenië skreaun is.

 

Lês fierder