Jacobus Q. Smink

wynhûs

logo.ensafh

 

wat wie ik der op tsjin dat amy
samar stoar, amper 27 jier jong
se hie it nea net mei my oerlein

wat wie ik lilk doe’t ik hearde
dat amy kassy wijlen wie wylst
we betochten dat se lykas dinah

wol tachtich wurde koe en noch
sjonge soe lykas body and soul
lokkich stiet der wat op youtube

sadat ik har stimme alle dagen
oproppe kin; ik bin sa wyld op
har en sa beswar ik it hinnegean

mar dat nimt net wei dat ik der
fûl op tsjin bin dat se no wei is… Lês fierder

Edwin de Groot

Tekst by skilderij

logo.ensafh

 

© Mark Rothko

Alle kunst houdt zich bezig
met het wenken van de dood
Mark Rothko

i.

De klok ferkocht ús nacht, mar
in supermoanne wjerskynde de polder yn rust
en ferkoalle blau, we holden stil en it swijen waard goud
ûnder yn byld it wetter fan de boezem deakatoen en ierdeswart

soks haw ik foarige simmer as skilderij sjoen
sei ik ûnferhoeds, Rothko woe dêrmei de tiid stilsette
ik haw der sitten, besocht deryn te stappen; it is my net slagge

dêr, by it gemaal haw ik, ik wie in jonkje, in fisk fongen en deamakke
heakje ynslokt, hoelang´t ik dêr sitten haw, gjin idee
it stiet my net mear by, wol it mûsstil

ii.Lês fierder

Henk van der Veer

levend hout

logo.ensafh

 

I.M. Wim Heins*

in trage skòkkerege slow-motion beelden- rétroperspektyf-
komt un stuk fan dyn kleurryk leven in
un smetteloas wit Hema-hemd foarbij
speulst met houten skyfkes dy’st sòrchfuldech opslaatst
as waardefolle kleinoaden

de oergeur fan fers saagd hout bepaalt dyn stemming
dúzend soarten brenge dij in un foarbije weareld
soekst moedech ferbining tussen Toen & Nu
rúkst en streelst ut rúw kwetsbere hout
probearst ròtting, wurms en skimmel foar te bliëven

as un minnaar streelst en skaafst ut onbewerkte hout
langsem toverst fan kapte bomen un kòstber instrúment
op ’e klanken fan ’e Ginhouse Blues Band klinkt un sentimental
journey fan un jonkje dat huppelend over de kletsnatte klinkers
in de Wommelster buorren ut evech leven tegemoet daanst

su leek ut teminsten

*Wim Heins was bekend gitaarbouwerLês fierder

Syds Wiersma

Grauballeman

logo.ensafh

 

Oer syn ferbliuw yn Aarhus skreau Syds Wiersma it folgjende gedicht. De Grauballeman is in feanlyk út de Izertiid dat yn 1952 yn it heechfean by Grauballe yn Jutlân fûn waard. It wie hast folslein yntakt, waard konservearre en leit no útstald yn it kultuerhistoarysk museum Moesgaard by Aarhus.

Grauballeman

Foar Godsbanen feie ranzjearders
plassen fan it asfalt, maratondravers
rekke kûtspieren op oerslachperrons

Moarnsljocht is in fine kaam, fan bien
de toskjes kaardzjend oer myn skjinwaaid
ferset, wêr is ‘t bleaun, wa hat it beset?

It dzjengiswyfke yn it park? Hoeden
rint se oer in sprei fan pearse krokus,
beharket se berjochten út ‘e sompe

Wylst de toer de klok op moarmeren
platen om ‘e ielreagershalzen
fan fiskjende havenkranen hinget

Sprekt it feanlyk my ta: by offertiidpanyk
in skimerwrâld ynjage, de kiel trochsnien,
fan izer oant nukleêr de iuwen fergriemd

Tutet in turfmakkersloete him wekker,
taand en skeard yn ‘t soer fan ikebast
kinst hjoed online syn dreamtiid bestelle

Liddich leit er, as Oscar Wilde yn Dublin
op syn stien by Merrion Square, de draak
mei alles, pine ferpakt yn mime fan taal

De dea syn priis is androgyn, in pølse
mei hite moster op in slop kartontsje kwakt.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

rigels

logo.ensafh

 

trije rigels binne ferlern gien
yn de drokte mei de pc en ik
kin se net goed yn ’t sin bringe

it moatte wol te swiete sinnen
west ha oars soe ’k se noch witte
dochs sinniget it my net

ik sil krekt salang neitinke
oant ik se op ’e nij betink
mar tasizze kin ik neat nee

it is wol sa dat ik leavje kin
sûnder betingsten, soene jo
dat wol dwaan sei de idioat

eins fyn ik de lêste trije rigels
wol okee en lit se as sadanich… Lês fierder

Federico Garcia Lorca, Oane de Boer

Ut de djipten wei / De Profundis

logo.ensafh

 


 

Ut de djipten wei

De hûndert ferealen
Dy’t foar altyd sliepe
Under de toarre ierde.
Andalusië mei syn
lange reade diken.
Córdoba, mei griene oliven
Om hûndert krusen te setten,
Ferjit se net.
De hûndert ferealen
Dy’t foar altyd sliepe.

Oersetting Oane de Boer

*

De Profundis

Los cien enamorados
Duermen para siempre
Bajo la tierra seca.
Andalucía tiene
Largos caminos rojos.
Córdoba, olives verdes
Donde poner cien cruces,
Que los recuerden.
Los cien enamorados
Duermen para siempre.… Lês fierder