Geart Tigchelaar, Pieter Postma

snooze noch mar efkes myn leafste

logo.ensafh

 

 

it lekken ferwosken
de gatten hâlde waarmte
fêst mei ús lichems
leppeltsje leppeltsje

de kat set it wetter op
en miauket ús
dreamen de nacht yn

mei ratteljend buissysteem
smoare wy de frijerij
yn in ierstoarn kessen

stiet de kat yn moarnsjas
oft wy der soms net ôf moatte
mar de sinne en wyn hawwe
dochs gjin trochkommen
efter de stoffige latsjeblinen

no fiif minuten noch
mar dan is it fuottenein mynt
oars fine myn neilen jim eagen
as stjerren ûnder it ledikant
rizet de moarnslust
en wettersieder útknipt

Foto: Pieter Postma

Lês fierder
Anne Feddema

De bûtertosken fan Superman

logo.ensafh

 

 

Ék ús superhelden
Wienen ea lyts
Batman, Spinneman
Superman, neam
Mar op de hiele hannel
Batman, Spinneman
Oerkaam it letter
Yn har libben
Superman waard
Gewoanwei sa berne
Mei ûnferwinlike krêft
Ruften bûtenierdske
Kearndampen
Kryptonrook
By de earste
Bûtertosken
Superjoktetoskfleis
Oeral op kôgje wolle
Pleechâlden dy’t net
Fatsoenlik mear
Oan ’e itenstafel
Sitte koenen op
Stuollen sûnder poaten. … Lês fierder

Sigrid Kingma, Geart Tigchelaar, Rachel Plummer, Stewart Sanderson

Translation Showcase

logo.ensafh

 

Fan 7 oant en mei 11 maart wie it StAnza, Scotland’s International Poetry Festival yn St Andrews. Op saterdei 10 maart hawwe de beide Fryske dichters Sigrid Kingma en Geart Tigchelaar mei de Skotske dichters Rachel Plummer en Stewart Sanderson sawat de hiele dei ûnder betûfte lieding fan Tsead Bruinja en Robin MacKenzie oan it oersetten west. Elk hie foar de saneamde Translation Showcase twa gedichten ynstjoerd. Der wienen al konsept-ferzjes makke dy’t dy deis finetuned wurde soenen troch inoar te befreegjen en oan te setten om krekter op de tekst te kommen.
Dy gedichten waarden op snein 11 maart presintearre oan in ynteressearre publyk.… Lês fierder

Itxaro Borda, Syds Wiersma

Hannah Arendt Gursen / Hannah Arendt yn Gurs

logo.ensafh

 

Byskrift fan oersetter Syds Wiersma: Eneko Aizpurua hat my op it spoar set fan dit gedicht fan Itxaro Borda en my holpen by de lêzing fan it Baskyske orizjineel. Fierders haw ik in soad hân oan Itxaro Borda har eigen Frânske oersetting fan it gedicht.

Klik hjir foar it gedicht (pdf)… Lês fierder

Tsead Bruinja

figuranten

logo.ensafh

 

doe wennen wy yn in úthoeke
oan ’e râne fan in oseaan

koenen it wurd hjerst net
klauden om mei tefolle goaden

ús lân wie like beferzen
as it rauwe fleis dat wy ieten

ús gewoanten en wetten
net minder kâld

no wenje we yn it each
fan de stoarm

oan ’e râne fan in feart
dêr’t in keppel frjemd folk
oerhinne komt

wy ha leard

ast dysels in bytsje fatsoenlik
en moedich

de annalen yn ha wolst

moatst dyn fijân grut meitsje
syn legers ûnearbiedich

en dreech te ferslaan

Skreaun by it ferskinen fan
Een meelijwekkend volk. Vreemden over
Friezen van de oudheid tot de kerstening.
Lês fierder

Syds Wiersma

Tableaus fan rou

logo.ensafh

 

Yn ensafh nûmer 6 steane net allinnich bydragen dy’t mei de Baskyske literatuer te krijen hawwe, mar der is ek romte foar oarspronklik Frysk wurk.

Syds Wiersma skreau de prachtige fjouwerdielige syklus Tableaus fan Rou. Wiersma draacht hjir it foarste diel fan dizze syklus foar en jo kinne de tekst ek online neilêze.

Klik hjir foar de foardracht, klik hjir foar de tekst yn pdf.… Lês fierder