Joël Huitema

För Andoni

logo.ensafh

 

 

Sa as it wyt mei grien en read
dat oait fan dij no myntes wurdt
wêr ik it wer te draven draach,
mij hechten het oan dyn getal,

ferriedt it Noardseeblau en -griis,
dat oait fan mij kaam, dyntes is
asto mei sport it oandien hest,
atst fúl in 5’er wurden bist.

 

Troch in fersin is dit gedicht net yn ensafh nû. 6, 2017, it Baskenûmer, publisearre, dêr’t it al foar ornearre wie (red).Lês fierder

Gerrit de Vries

Begrypst my wol

logo.ensafh

 

 

mear as
myn petry-skaaltsje
myn siedferedelingsbedriuw

bisto myn steunhoas
as myn ieren spatte
ik mar wat omstroffelje
myn keunstgebit
ik moat dochs ite
myn fjoertoer
as ik it paad
bjuster bin

do bist myn batterijlader
myn dialyzefilter
myn pompstasjon

loegje op myn golle
hekkelje myn sleatswâl
ikkerje my
as myn fuorgen
oerrinne

begrypst my wol
of moat ik sizze
leafste… Lês fierder

Jetze de Vries

Frou mei deade hoeke

logo.ensafh

 

do iepenest as in skutdoar
kom deryn, seist
mar de doar komt werom

sjoch in skaad
wat oer it dek beweecht
as in swarte flagge

it wetter siert
bist bewolke, twa
ienpersoanssekjes dobberje
dream tee

ik skôgje in skilderij – de klaai fan it gesicht
in trui sjongende boarsten

der falle wurden fan skrale takken
pak in pear fan ’e grûn
hâld se tsjin it rút

blaas sêft, fang noch in pear op
slok se ien foar ien yn
fertarjend ta in fers… Lês fierder

Tomas Dalgaard, Geart Tigchelaar

Tomas Dalgaard

logo.ensafh

 

https://youtu.be/0GOoSEWgQSU

Dichter: Tomas Dalgaard
Kamera, bewurking en ûndertiteling: Geart Tigchelaar

De earste út in rige koarte filmkes dêr’t Deenske dichters yn oan it wurd komme oer wat it foar harren betsjut om dichter te wêzen.

*

Århus

Århus is in gat yn ’e grûn
Letterlik sprutsen
Århus is wrâlds grutste doarp
Net wrâlds lytste stêd
Wy hawwe alles yn Århus
Hoeren en bûskestellers
Betonwiken
It Dichterpark is alles útsein in poëtysk plak om te wenjen
Rotheuvel dêr’t foarhinne hynders omrûnen
Einleaze wenwiken
In ûnsichtbere boargemaster dy’t keazen waard om’t se jong is
Net om’t se in pear ideeën hat
Århus is Seven Eleven oeral
Wylst dakleazen flessen yn fersliten tassen sammelje
De stêd hat sa ek syn geheimen
In relikwy út ’e kâlde oarloch
In ûndergrûnske kommandosintrale yn it Marselisbosk
Dêr’t de NATO de russen wei yn ’e gaten hold
Wa hâlde dy no yn ’e gaten
Århus is de stêd fan ’e laits
De stêd fan de stêd
De stêd fan de muzyk
De stêd fan de seefûgels
Moai hat de stêd nea west
De hûzen yn Graven binne skeef fan syfilis
Fan plakken dêr’t Århus skoan sûnder kinne soe
is Spytbakken dêr’t de ferslaafden tahâlde
It arbeidsburo behannelet dy as in goffe
Op in minne dei rûkt de stêd nei oaljemûne deade bisten en min bier
Århus neukt it libben yn de deade rivier
Jout de kafees in ekstra omset troch bier dat jin soer opbrekt
De feestwike is in flop
It hearren fan de yndianemaffia El Condor Pasa dy’t foar de 120ste kear op stimde panfluiten spilet
En fersterker mei boppelizzende nokke-as op playback is de basis
Århus hat pinemage en skyt Barbiepoppen mei mobile tillefoanen
De rioelen fan ’e stêd sitte fol mei rotten
De dykwurksumheden binne in babyloanyske betizing
It wetter is ferkalke as myn sekslibben
De haven wurdt flugger útwreide as dat ik gean kin
No leit de bocht yn it ferline
De fuotbalklup ferliest kear op kear
Wurdt stipe troch in ploech bleke snotjonkjes dy’t allinnich moedich binne yn in groep
Århus is ek it Moesgård museum dêr’t de røvbaldeman opbierd leit
En beukerskoallebern kjel makket
En de majorettes fan Århus binne allinnich ynteressant
Omdat dy ek yn ’e winter Dixielandjazz spylje yn minyrokjes
Århus hat dochs syn oazen
De Steatsbiblioteek dêr’t men yn tinzen ferfalle kin
De Permanente dêr’t men winterbaaie kin
De Kas dêr’t piraatfisken yn it bassin swimme
En grutte flinters omfleane
In útjouwerij dy’t wrâldliteratuer dat net ien lêst útjout
In nij keunstmuseum dat gatten yn myn dreamen slacht
Århusianen binne it aardichst wannear’t it snijt en de bus net foarút komme kin
Dan prate wy mei-inoar rydboskje wy en komme te let op it wurk
Oars binne wy in meute grutte egoïsten dy’t omrydt yn it ferkear
As soenen der gjin ferkearsregels bestean
Wy hawwe genôch oan ússels
Op dat punt ûnderskiede Århusianen harren net fan oare Denen

Oersetting Geart Tigchelaar

 

Århus

Århus er et hul i jorden
Bogstaveligt talt
Århus er verdens største landsby
Ikke verdens mindste storby
Vi har alt i Århus
Ludere og lommetyve
Betonslum
Digterparken der er et alt andet end poetisk sted at bo
Skidebakken hvor der før løb heste rundt
Endeløse villakvarterer
En usynlig borgmester der blev valgt fordi hun er ung
Ikke fordi hun har nogen ideer
Århus er Seven Eleven overalt
Mens hjemløse samler flasker i slidte tasker
Byen har også sine hemmeligheder
Et levn fra den kolde krig
En underjordisk kommandocentral i Marselisskoven
Hvorfra NATO overvågede russerne
Hvem overvåger de nu
Århus er smilets by
Byernes by
Musikkens by
Mågernes by
Køn har byen aldrig været
Husene i Graven er skæve af syfilis
Af lokaliteter Århus godt kunne være foruden
Er Spytbakken hvor narkomanerne holder til
Arbejdsformidlingen hvor man bliver behandlet som en stud
På en dårlig dag lugter byen af oliemølle døde dyr og dårlig øl
Århus knepper liv i den døde å
Giver cafeerne en meromsætning af øl der smager af surt opstød
Festugen er et flop
At høre indianermafiaen El Condor Pasa spille for 120nde gang på tunede panfløjter
Og forstærker med overliggende knastaksler på playback er bunden
Århus har mavekneb og skider Barbiedukker med mobiltelefoner
Byens kloakker er fulde af rotter
Vejarbejdet er en babylonisk forvirring
Vandet er tilkalket som mit sexliv
Havnen bliver udvidet hurtigere end jeg kan gå
Nu er bugten en saga blot
Fodboldholdet taber gang på gang
Bliver støttet af en samling blege franskbrødsdrenge der kun er modige i flok
Århus er også Moesgård museum hvor røvbaldemanden ligger Lit de parade
Og skræmmer børnehavebørn
Samt Århus pigegarde der kun er interessant
Fordi de spiller Dixielandsjazz i lårkort også om vinteren
Århus har dog sine oaser
Statsbiblioteket hvor man kan henfalde i tanker
Den Permanente hvor man kan vinderbade
Væksthuset hvor der er piratfisk i bassinet
Og kæmpe sommerfugle der flyver rundt
Et forlag der udgiver verdenslitteratur ingen gider læse
Et nyt kunstmuseum der banker hul i mine drømme
Århusianerne er mest flinke når det sner og bussen ikke kan komme frem
Så snakker vi sammen skutter os og kommer for sent på arbejde
Ellers er vi en flok kæmpe egoister der farer rundt i trafikken
Som om der ikke fandtes færdselregler
Vi har nok i os selv
På det punkt adskiller århusianerne sig ikke fra andre danskere

*

Ut de bondel Rettidig ømhed (2013)

 … Lês fierder

Simen de Jong

frijersgong

logo.ensafh

 

 

wat wol ik leaver as yn earmen fan in frou
dreame oer wêr’t ik weikaam út it neat
mar fierder moast
as mei widzjen langje nei in ivichheid
yn ’e sliep bedobbe ûnder waarme trou?

wekker wurde as stjerren raze yn ’e bûk
fan har ûnderwêzen skonken himelsk
en fierder wei
it balten fol ferwyt oer ierdske brekken
bêdzje yn it rûzjen fan de flecht temûk?

wêr oars leit myn wrede lot fan in frijersgong
as op de ein fan wêzen it swart gat
djip fierder sûcht
mei fertriet ferfolle en fol ferlet noch
d’ eale ein foar feint en faam in bokkesprong?… Lês fierder

Edwin de Groot

It is foar eefkes

logo.ensafh

 

It is foar eefkes
( koarte berchetappe mei, is de hope, finish op de top)

it is
by de 6e draai
as de swiere rook
fan roppich roaid grenen
– der moatte hûzen komme –
ferfljocht yn in fleach plak makket

foar de walm
fan in miste bocht
der sit wat yn myn noas dat seit
dat der neat mear op te wekjen wie
gjin ferkwikking gjin swiete fredige dea

tsjin de dinnen dy’t noch steane
in aardich stik leger is foarmbehâld
loslitten in twingootsje fermoedzje ik sa
read of soks út dat part fan de kleurenwaaier

in digipiep moannet my werom yn de plende hertslachsône
ik sjoch ik beken de jungle mar moat dûnsjen bliuwe
de rook fan hars en hout springt wer op

der moatte hûzen komme
al is it inkeld mar
foar eefkes… Lês fierder

Charles Casha, Joan Mallia, Tanja Cilia, Janneke Spoelstra

‘In slieplietsje’ en ‘In geheim taflechtsoard’

logo.ensafh

 

Charles Casha (1943- ) is in produktive Malteeske skriuwer. Hy skriuwt foar bern en folwoeksenen. Omdat Malta yn 2018 ek Kulturele Haadstêd fan Europa is wolle wy graach wat sjen litte fan de Malteeske literatuer. Earder dit jier brochten wy al in temanûmer oer Malta út, Ensafh, nû. 2, 2017. En ek op www.ensafh.nl ferskynden earder al bydragen fan Malteeske skriuwers of op Malta ynspirearre.

Hjirûnder twa fan ’e gedichten fan Charles Casha, yn it Frysk, Malteesk en it Ingelsk..

 

In slieplietsje

Yn ’e baai dûnsen de boaten
in slieplietsje, yn ’e jûn
beselskippe troch de weagen
fleurich skommeljend yn moanneskyn.… Lês fierder