Anne Feddema

Paleo-DNA

logo.ensafh

 

 

 

 

Bûten by fjoerkoerfonken
Wit ik drôgjend
Dat ik fan juster bin
Wurden âld en djip
Rjuchtsje ik omheech
Lit se strielje
Neist planeten

Fan ’e middei yn tún
Fûn ik by bjirk
Knynbiente
Zaza fan Femke
Ea libben kjifdier
Op ’e oergong
Alles komt werom

Gloede hjoed
Besielje deade
Sjamanesjamme
Jou my moarn
Waarme sinne… Lês fierder

Alwin van der Toorn

In vino veritas

logo.ensafh

 

 

 

 

doe’t ik acht wie, waard ik troch de rûne
noflik rûkende freondinne fan myn mem
ynwijd yn ’e geheimen fan it sûpen
gewoan thús oan ’e keukentafel
myn mem dielnimster en tsjûge

heit en mem holden der in mediterrane styl op nei –
by it jûnsiten wie ik wend in glês wyn te drinken
dat hearde by myn opfieding, fûnen sy

dy jûn wie de iterij fan ’e beide freondinnen
in wier bacchanaal, dêr’t de twa doazen wyn
oars goed foar in wike wille
der yn ien jûn trochhinne jage waarden

de freondinne fan myn mem hold fan in slok
en hie gjin muoite mei it trochsykjen fan it hûs
sadat us heit de flessen ferburch
as hja lânskaam

de yngrediïnten foar in hearlik Italiaansk miel
leinen te fertutearzjen yn har plestik jaskes
útsein de pekorino dy’t yn stikken snien
mei oliven en stokbôle behimmele waard
fuortspield mei in soad midsmjittige
drûge reade

wylst ‘muoike Sas’ har toarst fersloech
rekke myn mem efter de pûst fan it laitsjen
my waard ûnachtsum byskonken
der waard proaste op it libben
of soksawat

nei in koart skoft fernaam ik
mei it ferwegen fan myn holle
dat it efkes duorre foar ’t de harsens
deselde kant út gongen

ik betrape mysels dat ik djip yn ’e blûze
fan muoike Sas siet te luorkjen
en seach fernuvere dat se my willich
in romme eachopslach gunde
yn har wiidweidige dekolletee

ik fernaam ynienen dat myn mage leech wie –
brabbele mei dûbele tonge wat oer patat
en wie ferbjustere doe’t elkenien oerein kaam
om ôf te setten nei de snackbar

dêr waard de rook fan ferskrale frituerfet
my al gau tefolle, ik kokhalze
en wie midden yn ’e patattinte oer de nekke gien
as ik net tafallich de goede kant op fallen wie

troch de iepen doar nei bûten tsjin in lampepeal
dêr ’t ik ynmoedich en út ’e teannen wei
begûn te koarjen

út ’e fierte hearde ik
de stim fan muoike Sas: ‘sjoch no!… Lês fierder

Dré Siderius

tsjuster is it

logo.ensafh

 

 

 

 

tsjuster is it
tsjuster as myn ferjit
lis ik yn in klûs
de tiid is op, ik lien
fan ien dy’t te ier giet
in berutsen fjoer
dit dwyljen tsjin de nacht
dan flakkeret my wat wylds de holle út
is it eangst, ynslûpte
ûnrêst, synysk ûngemak
oer wa’t my wachtet, oft der ien wachtet
kin ik moarn wer wêze
fêst, beret
in fers útfike krekt
it ljocht wifket lang en stjoert
in stoarm foarút… Lês fierder

Henk Nijp

iere maitiid

logo.ensafh

 

 

 

 

 

ik rûn har efterop, oare kant dyk
hja hie de paraplu op,
de beppe fan in pear wenten fierder
ik hie de paraplu ek op,
in stoarmmodel, blau,
mei sa’n koarte foarkant
it waaide amper
hja hie ien mei in skotse rút

by de hoeke rûnen we lykop
we moasten nei skoalle
om ‘e bern
hja om R, H, S en D
ik om A en T
it reinde pypstâlen

‘wat is ‘t hjoed wer wiet, net?’
‘it hâldt mar net op!’
‘juster wie it krekt sa moai’
‘dat waard ek wolris tiid,
en no ha wy dit wer’
‘nije wike wurdt it better’
‘o… sizze se dat?’Lês fierder