Josse de Haan

Côte d’argent (1)

logo.ensafh

 

1

wjerljocht

wjerljocht sammelet kleur en fjoer
laserpylken sjitte út it wetter fuort
nêst ferbaarnt, eksters skatterje

hûs riist neaken op út reek en jiske
bonkerak sjoot balken, spikers, inisjalen
fêstlein yn in boek fan myte en leginde

rendez-vous-skommel

wurden rûgelje út myn holle
stuiterje op noas en tosken
skerp, skjin en parfumearre

morfemen wize twa skonken paad
glinsterje en reflektearje de nacht
oant de rendez-vous-skommel ferskynt

wite skipkes

sinne glûpt troch beammen
reindrip foar it finster filteret
kleuren giselje de oseaan

trije skipkes dobberje op it tij
fersjitte fan foarm, ferstopje har
wurde wyt yn ’t baarnend ljocht

*

Rinnend lâns it 4 km lange strân fan Hendaye op de lette jûn- elke dei in oardeloere – mei útsjoch op de Atlantyske Oseaan, kamen dizze fersen/observaasjes eins fansels yn myn kop omheech; as ik wer thús wie skreau ik se op, sa likernôch tusken novimber ’15 en septimber ’16.… Lês fierder

Joris D. Raven

Wiisdom

logo.ensafh

 

Wiisdom
(de maris sapientia)

Fregest my net hoe’t it libben
syn guozzeflecht nimme moat
mar moatst dy lokkich achtsje
mei in goed stik yn ’e rêch

Doe wie wiisdom altiten
Boëthius:
Mei de kear rjochting ûngelok
is sels de groanysk ûngelokkige
fan betinken dat er foarhinne lokkich wie

Reizgers binne we
altiten let en och
wêrdat hinne?
Noch sa faak en folle
fannijs opbouwe ferneatigje
sjen fiele hearre rûke priuwe

Wiisdom soe dan wêze
stoarmen ôf te reizgjen
en somtiids skippen te ferbaarnen… Lês fierder

Edwin de Groot

Gysbert 2017 (3): Edwin de Groot oer ‘Man en Mem’ fan Elske Kampen

logo.ensafh

 

Dit is de tredde ôflevering fan in rige koarte reaksjes/sinjaleminten op dichtbondels dy’t yn ‘e beneaming komme foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Ensafh ropt de lêzer op om ek op de bondels te reagearjen. Dat kin op it bewende redaksjeadres. Klik hjir foar diel 1, klik hjir foar diel 2.

De longlist fan de útkommen bondels is opskjinne troch J.Q. Smink en is hjir te finen. (pdf). Dizze list befettet links nei de reaksjes.

It soe my net fernuverje as de bondel dy’t Geart nei foaren skoot, Hiemsiik fan Elmar Kuiper op de shortlist komt en faaks ek noch mei de priis oan ’e haal giet.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Gysbert 2017 (2): Geart Tigchelaar oer ‘hiemsiik’ fan Elmar Kuiper

logo.ensafh

 

Dit is de twadde ôflevering fan in rige koarte reaksjes/sinjaleminten op dichtbondels dy’t yn ‘e beneaming komme foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Ensafh ropt de lêzer op om ek op de bondels te reagearjen. Dat kin op it bewende redaksjeadres. Klik hjir foar diel 1.

De longlist fan de útkommen bondels is opskjinne troch J.Q. Smink en is hjir te finen. (pdf). Dizze list befettet links nei de reaksjes.

Dû hast grut gelyk, Edwin, datst Jansma nei foaren skoost as ien fan de kânshawwers, want as nomaden yn tinten teplak is in prachtbondel. Sa’t der de lêste tiid folle mear goed wurk ferskynd is.… Lês fierder

Edwin de Groot

Gysbert 2017 (1): Edwin de Groot oer ‘as nomaden yn tinten teplak’ fan Sytse Jansma.

logo.ensafh

 

Dit is de earste ôflevering fan in rige koarte reaksjes/sinjaleminten op dichtbondels dy’t yn ‘e beneaming komme foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Ensafh ropt de lêzer op om ek op de bondels te reagearjen. Dat kin op it bewende redaksjeadres

De longlist fan de útkommen bondels is opskjinne troch J.Q. Smink en is hjir te finen. (pdf). Dizze list befettet links nei de reaksjes.

Dit jier sil de GJ-priis foar poëzij wer útrikt wurde. De longlist is ôfsluten mei (neffens my) myn eigen bondel (Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see) dy’t op 30 desimber útkaam by de Afûk.… Lês fierder