Anne Feddema

It kin oars

logo.ensafh

 

 

 

 

Fan dy fersen
Dy’t begjinne mei:
Doch dit
Doch dat
Fan dy tsien
Geboadenfersen
Sjoch hjir
Sjoch dêr
It is sa en sa
En sa en sa
Krite, stinne, kleie
Net te hurden
Dy waffelwurden
Opdolde kolder
Kwasy opropkrêft

Hâld ho
Stopje
Net mear lêze
Net mear skriuwe
Dát soart tsien
Geboadenfersen
Kleie, krite, stinne

Mei dy eamelerij
Sille jo jo
Fersen einigje

Jo moatte der
Nea mei begjinne.… Lês fierder

Eppie Dam

Yn Sondel rêst Jacobus Smink

logo.ensafh

 

 

 

 

Och Kobussy,
ús lytse Gasterlanner
Debussy fan it wurd,
sa gie it hurd
en wiest der al net mear,
mei dyn Quingo ôfslein
nei leanen fan de Hear.

Dyn Q
klonk altyd better
en leuker benammen
as wat de hoanne moarns
al kukeljend bestammere
doe’t Petrus Jezus miskend hie
en de Minske nei de geast
ûntmanne.

Der wurdt ferteld
datsto hjir wiest
mei dyn scootmobyl yn Sleat
en op ’e sydkant rekke bist.
It trotwaar hjir
hat ferrifeljende bannen.
Ik wist fan neat,
ast dat mar witst.

No Kobussy,
do lytse Saint-Exupéry
fan alle wiere poëzy,
krij dyn wurd op en riis
prinshearlik
troch it loftferkear
nei paradizen fan alear.… Lês fierder

Dré Siderius

it is dichtsjen

logo.ensafh

 

 

 

 

it is dichtsjen
it fers wurdt myn trip
nei in nij skepsel

it is de sinne sjittend
oer in kribbich wetterflak
sjoen út in ridende trein

it is in bosk dat dript
gjin begjin gjin ein in wet
fan ferjit
in djipper ûnthâld
mei nachthippers
oer tûken fan fernuvering

lis ik myn earms om de ljochtboei hinne
hâldt it op
gjin omslachtich gedoch mear
de taal wurdt in boeresprake

kom ik dan werom yn de rein
wit ik dat it myn stêd noch is
dat it spegelljocht troch it sintrum balt
om in fers
skerp en hel
foardat it dôvje kin… Lês fierder