By de yngong fan de supermerk
trof ik in âld mantsje,
fan wa’t ik wist dat ús heit him kend hat.
Hy droech in pet en in bril,
as wienen it fermommingen.
Oarspronklik kaam er út Skraard,
dêr hat er buorke.
Ik koe net op de namme komme,
wifeljend bleau ik stean,
hy kaam op my ta.
Goeie, sei ik, hoe is’t mei jo?
Wy binne der noch, antwurde er.
Is dêr alles mei sein? frege ik.
Ik bin wat âlder as dy.
Jo binne in jier of santich?
85! Dan ha je de measte bôle wol iten.
En ynienen wist ik de namme wer:
Bakker, Hindrik Bakker!… Lês fierder