Bartle Laverman

Ferballe dream

logo.ensafh

 

 

der is net folle moaier
as in nacht yn it neijier
mei in tichte tekken damp
kâld oer it lân en
dêrboppe it folle ljocht
fan de moanne

alle reden foar in
Weltschmerzsigaarke
en de treast fan
jawis: ambachtlik stookte genever
de jachthûn
oan dyn aigle-learzens
sjocht glânzjend omheech

smytst noch in blokje ikehout
yn it snoarkjende duveltsje
soest no oan Grutte Dingen
tinke wolle
hjir yn dyn eigenmakke hutte
of in fiifstjerrenfers skriuwe
yn dripjende inket

mar skrikst
fan in roffel op de doar:

de nachtmerje… Lês fierder

Hugh MacDiarmid, Enno Salverda

De lytse wite roas & It skelet fan de takomst.

logo.ensafh

 

 

Hugh MacDiarmid
De lytse wite roas / It skelet fan de takomst
(oersetting: Enno Salverda)

De lytse wite roas

(foar John Gawsworth)

De roas fan hiel de wrâld is net foar my.
Ik wol as myn diel
Inkeld de lytse wite roas fan Skotlân
Dy’t skerp rûkt en swiet – en it herte brekt.

*

It skelet fan de takomst

(by Lenin syn tombe)

Read granyt en swart dioryt, mei it blau
Fan labradoriten kristallen gluorjend as edelstiennen
Yn it ljocht spegele troch de snie; en efter har
It ivich wjerljocht fan Lenin syn bonken.

*

Hugh MacDiarmid (1892-1978) wie de wichtichste foaroanman fan it modernisme yn Skotlân.Lês fierder

Sytse Jansma

sûnder mis gjin merke

logo.ensafh

 

 

lit my gekke fratsen fan dyn flanken draaie
ballonhûnen foarmje of as botswana’s brûke

fonken út it plafond fan dyn tinken sûnder
mis gjin merke en sûnder fleis gjin fêsten

lit my bibelrigels sûkerswiet spinne as in toefke
op dyn pokrovtoer dyn katedrale lichem bewenje

as klaterrussyske sinten en dan dyn madonna-langnek
fan jewelste útinoar skowe as in attraksje boppe it alter

lit my wachtsje yn lange gebeden op in foarsichtich
stjitten út dyn heupen de stilte foar it amen azemje

*

Ein septimber komt Sytse Jansma syn twadde, en twatalige, bondel út: as nomaden yn tinten teplak / als nomaden in tenten terecht, dy’t útjûn wurdt troch Hotsum (yn gearwurking mei De Contrabas).… Lês fierder

André Looijenga

simmerhjerst

logo.ensafh

 

 

de sinne tuollet al wat earder
(te witten: ienentweintich oere achttjin)
al wer murken koartet ús de tiid

it ljocht skeanet, tekenet djipper
eigen merkeldagen mjitte no de rispstûn’
each-ier yn ’e spegel, burdhier op ’t perslein
wanhope delgong siket wjerwurd
ferjierjen docht klokwizers har fuotstap

protters gûnzje har kloftsjende wjukjes
yn eskader natoerlyryk (kin ’t net helpe)
jûnsfleane yn frije foarm

oft dit dan healweis is op it paad, my
yn gleane middei net ferfytst?

krûdich rûkst it, en fruit, en fallen blêden
(genietsje de skyn fan folle tastân
drinzgje it skoft yn lije wyn
ynheljen is dij hoart genôch.… Lês fierder

André Looijenga

Goenacht, Rink

logo.ensafh

 

 

Ast op lette jûn by glês en kears
lêst oer in jonge dy’t
oan it petgat yn in skûlhut
fêstsitten hie

efter de reade kibboets
(in âlde Joad foar syn eagen
troch in straaljager deadlik rekke)
yn in spelonk
wacht hâlde moast

hy, in skytlak as elk fan ús
fan in jeep mei fiif Syryske soldaten
fjouwer doch foaroer falle lit
opblaast
delknalt
genedeskot jout

dan is it
op ’e keamer dêrnei
goed neven killen

.

André Looijenga wurket en wennet dizze moanne yn de troch Rink van der Velde neilitten Skriuwersarke op de Feenhoop. Van der Velde syn ûngemaklike, eksistinsjalistyske iere wurk hâldt him yn it bysûnder yn de besnijing.Lês fierder

Hidde Boersma

Hân boppe hollen

logo.ensafh

 

 

It wurk hie syn hannen grut makke
en it libben feromme jier nei jier syn geast

Hy seach en wist in soad, liet dat ek blike
mar hâlde lykwols mannichien
de hân boppe de holle

Efter syn ferware antlit
en djip yn syn skerpe eagen
tilde it op fan de geheimen

No is er dea
en gûlt dy, en fersuchtet dy… Lês fierder