op wolwarren ien stip ljocht ferdwynpunt
as tajefte ûnderoan de stjerrehimel
yn soele djipnacht digerje ik it petgat oer
en hein in skruten plûns efter de reiden
fan guozzen nachtliet mei refrein
en fisk – ja en grif in fisk
ek wer it lange lûd, omfierrens, neier
fan net-dêr fuort, boazet it oan
in auto wurdt wer wei, nei in net-hjir
wat krûpt en gûnst en my net byt
wat earne yn it wetter roert
my is it leaf, mar it moaiste jit
sa nachts in swierder droan fan earne wei
en earne hinne brimmend asfalt, rubber en metaal
in iere molkûntfangst, in feeferfier
longerich ree ta echte wurken
in frachtwein sjongt by it betiidste ljocht
en rôlet grânzgjend út earsein
André Looijenga hâldt him op it stuit ta op de Skriuwersarke op De Feanhoop, dêr’t er him noch wat mear as oars taleit op de Fryske literatuer.… Lês fierder