Poëzij
Wurch genôch
It is nuver dat
it liket dat ik no
einlings wurch genôch bin
om te dwaan wat ik
yn hert en siele wol… Lês fierder
Oerstek
kobben kriize tiid en transendinsje
in dônsje de Rônstad yn ’e rêch
dêr’t it libben dien it dek schoddet
trilt de baren bringe tebinnen
dot eigen ritme de lucht in sucht
fon ferlichting fon wetter
aanst fon meand gers… Lês fierder
Harry
Noch in hoartsje wachtsje
de doar stiet los
brother boose
is yn ‘e himel
Petrus winkt
en
Harry tinkt
as de neijiersblizzards
oer it Drintske fjild
jachtsje
klinkt yn ‘e fierte
myn himelblues.
Dan tink ik
oan dy,
Sjoddy
Oersetting: Edwin de Groot
Nog evenpies wacht’n,
de deure stiet los
brother boose
is in heaven.
Petrus wenkt
en
Harry denkt,
as de najaorsblizzards
oaver den Drentse vlakte
jeg,
klinkt in de verte
mien hemelblues.
Dan denk ik
an joe,
Cjoe… Lês fierder
Wachtsje
Skaad tekenet it antlit
lofts it ljocht, rjochts it donker,
in teare krol foar ’t ear.
Hoe hoeden sit hja oan de tafel
mei ûnder it blêd de hannen gear.
Wachtsjend, mei de holle skean.
In ranke swiere frou,
mei ûnwisse dwelm-eagen
en in lange swannehals.
Oft er komt is net fan belang.
Allinne dat knipen fan de fingers
en dat ljocht en donker op ’t wang.
Frjentsjer 1947
Degelik klaaid yn swier mansjester pakken
swart as de loaits stoareagjend oer de dyk,
seach ik as bern de swiere karre rôljen
fan it iene nei it oare geasteryk.
Twa stjoerden deistich itselde rjochte paad
en trije oan in raffelich tou derfoar.
De broeder ek ferlern yn tsjustere tinzen
yn trage gong oant fan it gesticht de doar.
De lichte fracht te lyts foar grutte mannen
en nei in hoartsje leech it paad werom.
It mâle waar as passend yn ’e sêne
fan de groteske gong nei hel of hillichdom.… Lês fierder
earm
foarhinne wie ik noch sa mâle earm net
no earst fyn ik oan mysels gjin greintsje fet
wat ik ek doch ik ha de wyn nea ris mei
wêr’t ik gean of stean nea komt it lok my nei
ik wâdzje oan ’e ankels ta troch de drek
bliuw ik thús rattelet de mage my gek
sûnt juster is myn bûnte boarre net mear
no dûnset om myn ryskrúk it mûzehear
oersetting/bewurking: Piter Boersma
(De oersetting/bewurking berêst net op it sinese orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie.… Lês fierder