Henk Nijp

Novimber

logo.ensafh

 

 

 

 

Wolken giselje troch neakene tûken
wyn tamtearret greiden ta sodzige sompen
reaget blêden op rudige rêgen

Protters boskje yn kloften
stekke as derwisjen dûnsjend
mei ‘t poalljocht de draak

Skrouske walen fermomje
geaen en fjilden yn nearzige iggen
dêr’t it bloed yn ieren ferklommet

It eazet derhinne, al wiken
diken en ekers strûpe derûnder
it stjonkt nei bedjer en ferrotting

Swammen welje as swolmen
absessen nimme besit fan it mosk,
‘t bosk himet as ‘n âld hynder

Buorrens en flekken ferflokke de kjeld
dy ‘t lûkt troch moarch en bonken
koalige stâlen ferwurde ta snottige stronken

De ierde ferstjert en fersûpt
yn weagen fan dampige dridze
smoart yn har smûgende longen

Hjir helpt gjin gjalp nei de himel
mei knibbels op in wreed kleed
of gesang mei gebed sûnder ein

It is no inkeld mar wachtsjen,
jachtsje nei sinnewyn of it hillige fjoer
is folslein om ‘e nocht

 

 … Lês fierder

Dré Siderius

sterke bisten kenne faak gjin genede 

logo.ensafh

 

 

 

 

sterke bisten kenne faak gjin genede 
se ite op it lêst har âlden op 
 
ik wie lyts  
ik moast har ûnmacht hiel meitsje 
 
it is gjin skande om te mislearjen 
wol om it net te besykjen  
sei de pake fan ien dy’t it witte kin 
 
wat sil dit liif no noch  
as my drage troch de hjerst  
om úteinlik te sliepwanneljen  
troch taalgloppen 
ienris fan har 
 
dêr glydt it flot al mei de bier  
baarnend de rivier ôf 
 … Lês fierder

Lubbert Jan de Vries, Walt Whitman

Gjalp

logo.ensafh

 

 

 

Tongersdei 23 novimber 2023, de dei nei de ferkiezingen
‘Gjalp’
(in hânsum pamflet, frij neffens ‘Liet fan Mysels’ fan Walt Whitman, troch Lubbert Jan de Vries)
Ik lit myn barbaarske gjalp klinke oer de dakken fan de wrâld!
En alles dat oan my beheart beheart likegoed oan dy.

 

Hjoed it bêste sjen litte en it skiede fan it minne pleaget de nije tiden. Ik ha heard wêr’t de praters oer prate; striid, ferskrikkingen en oarloch, de opwining troch twiveleftich nijs, it ritige barren fan dingen. Dy komme dei en nacht op ús ôf en geane wer fan ús ôf.… Lês fierder