C.O. Jellema, Edwin de Groot

Kertier/ Tijdverblijf

logo.ensafh

 

Kertier

Alles dat fan my hâldt
stekt de bonken út, myn hûn,
myn freon, de fûgels dy’t
ik fuorje as it friest.

Dêrom hâld ik
fan deade dingen,
fan porslein, in skilderij,
fan in printe fers.

Oersetting: Edwin de Groot

Tijdverblijf

Alles wat van mij houdt
gaat dood, mijn hond,
mijn vriend, de vogels die
ik voer geef als het vriest.

Daarom houd ik
van dode dingen,
van porselein, een schilderij,
van een gedrukt gedicht.… Lês fierder

Rein de Lange

wintermoarn

logo.ensafh

 

as ik mei mysels praat hinget de romte fol mei wurden
en yn elts skaad sjoch ik in útdrukking fan dyn gesicht
bûten is it dampich, auto’s litte klinkers sankjes sjonge

myn hert trillet my dyn djipste lusten ta
ik rûk oan dyn shirt
it hat dyn hûd noch net ferjitten… Lês fierder

Li Yannian, Piter Boersma

in liet

logo.ensafh

 

der wennet in moaie frou yn noardergea
yn dizze wrâld is dy frou sûnder wjergea
se ferdylget in stêd ast ien kear omsjochst
se ferdylget de steat ast it nochris dochst
fansels ferdylget se de steat en de stêd
fynst net wer sa’n moaie frou om mei op bêd

Oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Li Yannian libbe sa’n 150 jier foar Kristus. Hy wie in sjonger oan it hof fan keizer Wu.)Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Watertromboat

logo.ensafh

 

Muzebiter skeurt ’n mol hol pipend útnander op dampaal.
Kroasspraai izermenyroad opdreven tun dam.
Feenswarte Friese peerden frete hooi út mintgroene plestik baal.

Klotswyn slaat maat op watertromboat.
Halve regenboog boven Wâldwei.
Lucht griis as de tank fan ’n melkauto.

De regenkleuren ferdwine in iisblau:
Oneandige, opklaarde wolkerúmte boven ploegd lând
en maïsstoppels met ferfomfaaid raid.

Nij winterwait op kopêgde akkers, ferkrúmmelde klaai,
Bach’s clavecimbelfantasy in A-klain
en ’n halve guillotine-maan boven autobaan.

It fers ‘Watertromboat’ makket diel út fan Hein Jaap Hilarides syn syklus ’t Onfermijdlike, dy’t yn it lêste papieren nûmer fan 2012 (ensafh 7) yntegraal ferskine sil.Lês fierder

Jaen

Radyskes

logo.ensafh

 

We brochten radyskes bij ús heit en mem.
Earste radyskes út ’e kas.
Se bearden der wakker fan.

Op it teemeubel stie in kaart
fan kunde, dy’t ‘50 jier’, sei heit,
‘nee, 55 jier,’ sei mem, troud wienen.

Se helle it foto-album fan
harren eigen 50-jierrige troudei derbij.
In fleurige dei, sa heugde it ús allegearre.

‘Sjoch, dy is der net mear,’ sei mem.
‘En dy net,’ sei ik.
‘En dy allebeide net.’

We kamen op in stik as tolve
yn amper acht jier tiid.

‘Wij wolle noch wol even mei, hear,’ sei ús mem.
En heit sei: ‘Wat binne dy radyskes dochs prachtich.’… Lês fierder

Anne Feddema

Alkospoeksel

logo.ensafh

 

‘Hören Sie die Kinder der Nacht singen?’
Klaus Kinski tsjin Jonathan Harker yn Nosferatu. Werner Herzog 1979.

Wat kin ik?
Kin ik oars dan?
It is nacht
Dy’t my ropt
Moat gean oant
Earste stop
Klokslok de flok
Bierpompen jankerje
FE-DE-MA
It bline liet fan flessehals
Sjongt oare halzen ta
Ja, op paad bin ik strieljend moai
Gleone sûplaplever
Keizelhurd yn ’e lea
Baarnende floeistof
Skomjend batst yn
Kalken poppebealch
Pine wykt
It wurdt letter en letter
Wis ik wit ik sil
Foar altyd bestean
Net besocht troch dea
Yn ieren brûst ivich bloed
O sok sterk wetter.… Lês fierder