Einlings is Durk goed op ’e skealjes woegen;
foar Gysbert Japiks net te licht befûn.
De ploech moast djip dreaun troch de dwerse grûn,
ear’t karmasters lean foar syn fjildfrucht joegen.… Lês fierder
Poëzij
It keammerke
Der giet neat mear foarby.
De ierde stiet stil, liket it wol.
Ik tink dat ik der bin.
Dit is myn holle net.
De stoel wol net mear kreakje.
It bêd lei sa stil as snie.
It is lang lyn dat de suster
Ut ’e bibel lies fan ’e Salving.
Us beppe koe by tsjuster waar
Sa geitich út it ear rûke.
Dat ik dêr no oan tinke moat.
Net fier fan dit plak
Wurdt in grêf stutsen,
No’t it mês fan ’e winter
De ynhouten keept.
Om my hinne wurdt de stilte
Sa grut as in seale,
Dat ik sjoch skreken om.… Lês fierder
Kritik der praktischen Vernunft
De ingel fan it materialisme
Dreacht gouden wjukken.
Hja tsjinnet de statussymboalen
En draacht har de minsken op as goaden.
De kultuer ferstiennet op
De pleinen fan de stêd.
De ingel makket de minske
Offfallich as in keppeldier.
De dichter is in auto.
Hy stiet as in brûnzen byld yn it park.
Hy is in masinaal kreatuer.
In bern fan de filosoof.
De dichter seit, de muuze is blyn.
Hja libbet by de dei.
Ik skriuw de tredde wierheid,
Wetten foar psychology,
Deiboeken fan poézij
En grêfskriften fan 100 megaton.
Ik kin myn eigen skrift net lêze.
Myn namme is in statussymboal.… Lês fierder
fersuchting om in hierspjelde
de spjelde wie fergrize wer foar it ljocht kommen
út ’e djippe modder wei doe’t se in put rommen
âldmoadrich is it kronkeljende fenikspear
nee as hollefersiering wol gjinien him mear
famkes seagen om bar fan wa soe er west ha
woenen him wer glimme litte dat se poetsten ta
hy rûkte net mear nei lekker guod foar it hier
de ynskripsje fermelde gjin moanne of jier
rêden mar yn in doaske stoppen se him wei
ferlern en net brûkt krekt sa’t er yn ’e grûn lei
Oersetting/bewurking: Piter Boersma
(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L.… Lês fierder
Betonmikser regenboog
Tot de darde macht is dut gedicht
Resoneergekras as ekstra eksters
Son op ’t institút geskidenis
Smalle weegbree, anskou de bloeiendpaarse dovenetel,
de bereklau fan weunboatromantyk. Dooie fis
driift deur swanepaar met ses kúkkens.
betonmikserregenboog wêrm strând hyt sând
sonnesteekweken kouwe seetepel; ’t relaxte fan
Woodstock gaat om ’n maanvol geel. Went nooit
’n Fetplant teer ik op foorraad; ful de foorraad an wêr weg?
fleerboombloei bereklau Iselmeerfissers spuite fúk leeg
wynmôln-oase sans plomb benzine 1.37 en nog wat… Lês fierder
by it lêzen fan in kranteberjocht
juster al hjoed net alles is manipulaasje
wy binne fûl op dat útstel tsjin mar stimme foar
út eigen belang jouwe wy harren dy traktaasje
wat wy sa graach wolle sizze sy moarn ja op yn koar… Lês fierder
by it ta jin nimmen fan it nijs
it grutte plein wie even it middelpunt fan ’e wrâld
wy hearre al net mear hoe’t it no yn dy kontrei giet
nijs oer de hearsker en syn soannen lit jin al wer kâld
hat it jin wier wat skele kind hoe’t it der dêr foar stiet… Lês fierder