Elmar Kuiper

petear ûnder de stjerren

logo.ensafh

 

ik krige inkeld ris in oanknopingspunt
benammen by de earste rigel
dan komt de hiele wrâld jin yn ’e mjitte
mar ik kin der net safolle mei
as it der op oan komt is de kime tichtby
it perspektyf hieltyd wer oars
ik kin der neat mei
nee it slagget my net

ik kaam wol oandwaanlike bylden tsjin
sa as in stien dy’t praat
in byljende hûn op in geitewollen sokkel
in man fan rubber mei ekstereagen
mar troch de bank nommen hat er
fierste min selskrityk ik bedoel
de skriuwer mei syn útwrydske
gewichtich lykjende mar bûten de
stokken springende moderniteiten
it stelt gjin kloat foar

ik besykje ferbannen te lizzen
mar moat dat eins net dwaan
we libje no yn in tiid
dat orizjinaliteit hast in twang is
fernijing is dêrby de eask
der binne ek skriuwers dy’t wol
in konkrete boadskip oerbringe
ek ik wol úthâlde dat fersen
benammen ornearre binne
om te kommunisearjen

sa’t ik al sei
ik kin der net safolle mei
dizze wrâld is feitliks sa lyts
as in stip op in ingeltsje
de skriuwer wol ynteressant wêze
ja kuiper ik ha it oer dy
ik krige inkeld ris in oanknopingspunt
benammen by de earste rigel… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Ses foor acht in Burgerdam

logo.ensafh

 

Aalskolver op anmeerpaaltsy droogt de herinnering an ’e flucht.
Ringferkeer rijt Seeburgertunnel in út (betonskip foor Pampus).
Op de Skellingwouderbrûg is hoog boven water, hoog boven water.

Dos wort hoog leeg, water hoger as lând in Waterlând.
Koalsaad en pypkruud, geel wit groen de kombinasy fan ’t meesterbrain.
Skoren skapen staan op knappen as ’n strak sin.

’n Kastanje set op fleugelmaat ’n onferbidlik sesoen in.
’n Messkerp ferlangen na wat soa weze most.
’n Sirkelsaaggang slaat ’t hardst toe in April met boaten foor anker.

Eén keer per twee wiekslagen gruttoot grutto na boukranen in IJburg.
Hoogspanningsmasten soeze met reuzestappen na sintrale.… Lês fierder

Anne Feddema

Peaskefakânsje

logo.ensafh

 

Christos woskresse, wo istini woskresse.
Kristus is ferriisd, Hy is wis wier ferriisd, wurdt, benammen mei Peaske in soad brûkt yn’e Russysk Otterdokse tsjerke. De Pope seit it earste en it tsjerkefolk anderet dan it twadde gedielte.

Peaskefakânsje

Yn’t iere
Gielich triljend
Moarnsljocht
Rook fan
Unsuorre brea
Yn Suzdal
Mei Peaske
Kaam ik
Jezus Kristus tsjin
Otterdokse klokjes
Tingelingelingelen
Lûd fan libben
Net fan dea
Hy sei, wis wier
Fan’e moarn betiid
Bin ik ferriisd
Soe sa graach ris
Peaskeaaien fervje wolle
Ik sei
Kom mar mei
We ha de hiele dei
Ik helle aaien
Farve en sa mear
Hy gong los
Gottegot
Wat koe Er skilderje
Us leave Hear
Auratûnge
Tusken lippen
Hiel kontemplatyf
Wurke Hy mar troch
Alle aaien abstrakt
Net ien figuratyf
No mar efkes skoft?… Lês fierder

Anne Feddema

Boarne fan ’e jonkheid

logo.ensafh

 

Dit oere foldroegen
Ald wyfkes genôch
Badmaster orkestrearret
It tsjetterjend einekoar
Mei ferskate spultsjes
Boartsje badmûtsen
Blomkjend de Wettermusical
Esther Williams har
Wiete-sûnder-spatier-dream
Stjerren draaie jimme
Oan it skolperjend firmamint
Beppe Thetis
Beppe Galatea
Sjongend, weagjend, rôljend
Mei pine en wille
Yn skonken
Yn ’t hert
En gleon sisterjende hjitte
Foar bern, bernsbern en
Faaks in âldkeardel
Al of net mear thús

Jimme kamen der hjir yn
Gongen der dêr wer út
Sa jong… sa jong
Geane jimme
Wer
Nei
Hûs

Der Jungbrunnen is in skilderij fan
Lucas Cranach der Ältere út 1546
en hinget yn ’e Gemäldegalerie
yn Berlyn.

Lês fierder