Anne Feddema

Solmar fakânsje Calella

logo.ensafh

 

Ik sjoch mysels
Yn trijelûkspegel
Sokke foto’kes
Makken se ek
Yn de foarige ieu
Lofts, rjochts
Harsens frontaal
Ik ha my yn in
Ivichheid net
Goed besjoen
Dampich út bad
Ja, it Pyknysk type
Sa fuortrûn út in
Pasjintedossier
Etalaazjepop op in
Fakânsje útstapke
Alle ûnderdielen
Wurkje noch wol
Mar dat kin moarn
Samar oars wêze

As je better sjogge
Troch de lins
Binne de pixels
Al yn ûntbining
En farsk sied
Boarne fan nij libben
Is krekt ferdwûn
Troch de ôffier
Fan it bad

Ik hoopje sa
Dat de lytse
Pyknyske
Homunculi
Parasjútsjes hawwe
En wichtiger noch
Swimme kinne… Lês fierder

Octavio Paz, Hindrik Wiebe Rinzema

Intermitencias del Oeste (1)

logo.ensafh

 

Intermitencias del Oeste (1)
(Canción Rusa) (p.220)

út: Ladera Este (Eastlike skeante)

Construimos el canal:
nos reeducan por el trabajo.

El viento se quiebra en nuestra hombros,
nosotros nos quebramos en las rocas.

Éramos cien mil, ahora somos mil,
no sé mañana saldrá el sol para mí.

Ynterrupsjes út it westen (1)
Russysk liet

We dolden it kanaal:
troch de arbeid weroplaat.

De wyn brekt op ús rêgen,
wy brekke op ’e rotsen.

We wiene mei in hûnderttûzen, no mei tûzen,
wa wit oft ik moarn it liemeren sjoch.

Oersetting: Hindrik Wiebe Rinzema

Oerset út:

The Collected  Poems of Octavio Paz 1957-1987
bewurke en oerset troch Eliot Weinberger
New Directions Publishing Company
New York 1990
ISBN-10: 0-8112-1173-4… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Gers is myn koartsich libben

logo.ensafh

 

Op dizze tel fan in fraksje tink ik net
langer as noadich nei en jou oan dy
alle krèdits en de koades der op ta.

Of, meist yn alle keamers komme,
langer yn ‘e bûnte kasten omtize, ek
al hast earder sein: Soks doch ik net.

Myn laadsjes mei in see oan ynfo,
al dat konkrete oan sinnen, leit no
my abstrakt bleat; it filearmes fan
Mamma Mia fiket my finaal út en dan

as skeletrak hingje ik hjir út ‘e liken.
Mei skernierpine en sa, mar dy haw
ik aldergelokkichstewei
al: Net dreame jonge, yt dyn pizza!

Grager, dat gers de dyk oer stekt
ris, in kuierke fan ús en do my wiist
alle kûltsjes dêr’t w’ yn lizze koene.… Lês fierder

Hindrik Spin

buorlju

logo.ensafh

 

Yn septimber binn’ de buorlju fuort;
is in wike dat ik net hear hoe’t
se hoasfuotlings de doar op en ta,
it paadsje feie en fage.

Om healwei alven alle jûnen
it ammerke ûnder de kraan;
dweil útwringe fan it flierdweiljen.

Se sizze nea wat, gjin knikje
kin der ôf, wylst ik yn har oere fan sykte
steefêst bid ta myn agnostyske god.

Leaver hear ik de slaande doarren
en de jellende bern oan ’e belle,
om in Haribo (petit et gros):
Hé, Jacob mogen wij een snoepje?… Lês fierder

Eric Hoekstra

gat

logo.ensafh

 

As jonge fan 15 by Nederlands bleau
‘het menselijk tekort’ in abstrakte kleau.
As jonge fan 51
yn Frl werom
is de kleau konkreet
as in gat mar is,
al kinne je gat net gripe
al kinne je gat net sjen,
al kinne je gat net hearre:
je kinne Har inkeld fielle
dêr’t de letters misse
dêr’t de tonge slist
op stompkes op klompkes
en holle wurden útstjit
toskedoktersbrêgen pitertuerlike protezen
liepelotterijbeloften eachkoai-etalaazjedreamen
jildfoarleedferjildingstreast genotsferslavingsdriftichheden
dichterswurdfanleafdeleagens einigje yn Gat
Ik jou it ferhaal fan myn libben
en faaks fan jimmes ek,
de godlike clou
fan Koetje Boe,
ferbyn wat ik denk en doe
met de wil tot Goe.… Lês fierder

Meng Jiao, Piter Boersma

fielings

logo.ensafh

 

myn hert keart him ôf fan de grûnige streamen
kleare weagen wekke yn my willedreamen
dat ik dochs de man út ’e see noch treffe soe
en him de moanne út ’e oester freegje koe
salang’t der kâns is op wille en beminne
salang sil dat hert fan my net rêste kinne

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Meng Jiao libbe fan 751 oant 814.)Lês fierder

Richard Brautigan, Piter Boersma

‘Ah, grutte ferwachtings!’ / ‘Ah, great expectations!’

logo.ensafh

 

‘Ah, grutte ferwachtings!’

‘Ah, grutte ferwachtings!’ Flip mei it
op syn minst graach trije of fjouwer kear
sizze as er mei guon praat. Hy is tolve.
Gjinien wit wêr’t er it oer hat as
er it seit. Soms fiele lju har der
ûngemaklik by.

(oersetting: Piter Boersma)

‘Ah, great expectations!’

Sam likes to say, ‘Ah, great expectations!’
At least three or four times in every
conversation. He is twelve years old.
Nobody knows what he is talking about when
he says it. Sometimes it makes people
feel uncomfortable.… Lês fierder