Bist no trije jier dea,
trije jier al wer,
noch mar.
Dy earste dei yn septimber
wie in grize dei.
Foar my wie de dei
swart,
lykas 1 septimber
1939
foar ús heit en dy.
De foarige jûns
hie ik fol fjoer praat oer boeken,
op myn lêsklubke,
net wittende dat de oare deis
myn muze
deagean soe.
De nacht dêrnei
stippe ik myn pinne
yn triennen.
It is no trije jier lyn:
de tiid fljocht
en krûpt
foarby.… Lês fierder
Poëzij
de bline gisel
Ik set de tabakspot yn it finsterbank.
De piip giet yn de jiskebak.
Oer it balkon fan de buorlju
sjocht buorfrou lekjend nei
myn liddige lea. Sy giet deryn,
docht de blinen del, wurdt blyn.
Ik spalkje de eagen op, sjoch boeken stean.
Sil ik der ien op iepenslaan?
Nee.
Dan moat ik ûnder eagen sjen
dat de wrâld grutter is
en iepenstiet foar my.
Soe buorfrou wolle?
Ik skodzje myn kaarten.
M.C. Escher: Stilleven en straat… Lês fierder
Rekwiem
Yn it swart op in sniehelling
Ian Curtis fan Joy Division.
Foar him gjin Darjeeling feeling
mar it gefoel fan isolation:
‘Mother I tried please believe me,
I’m doing the best that I can.
I’m ashamed of things I’ve been put through,
I’m ashamed of the person I am’.
Djipper noch de wanhoopsfâlden,
want it slagge him net om wâlden
op ’e helling tsjin te hâlden.
Stadich en steatlik as in earn
is er dêrnei foargoed opfearn
fierdersykjend nei de hurde kearn.
Klik op de foto foar Isolation fan Joy Division… Lês fierder
myn systeem
in swalker yn ljouwert
by it stasjon woe jild
fan my ha om’t er
my noch koe fan frjentsjer
myn systeem
myn systeem wie net gek
dy swalker hoegde
gjin mars út ’e automaat
hy woe yn de terp oernachtsje
ik koe net wachtsje
en hie fansels gjin sint
dy swalker seach my twa tellen oan
mei de eagen fan saturnus en rûn
doe fierder as michael jacksons moonwalk
hy woe fansels skoare
myn systeem
myn systeem hie honger as in hynder… Lês fierder
ynspiraasje
sûnt ik de swiere wei fan de leechte gean
ferdreau ik alle soargen út myn bestean
de duvel fan de dichtkeunst koe ik net oer
moanne en wyn blaze noch altyd yn ’t fjoer
Oersetting/bewurking: Piter Boersma
(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Bay Juyi libbe fan 772 oant 846)… Lês fierder
krysanten yn bloei
sjoch dy hjerstblommen – it jier is al hast wer rûn –
by it sket lâns yn it lêste ljocht fan ’e jûn
net dat ik se fier boppe oare blommen set
mar nei harren bloei is it foar noch ien te let
oersetting/bewurking: Piter Boersma
(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Yuan Zhen libbe fan 779 oant 831.)… Lês fierder
Wy hawwe Syn logo sjoen ( Widzesankje Sanctorum )
Der kamen knakkers
Ut it Easten wei rûn
Hja wienen healwizers
Mannen fan ’e klok
Hja sieten harsels
Foar de helte dan
Fjouwer en tweintich sân
Yn ’t sân yn ’t rûn
Ien fan ’e healwizers
Koe min oer kemielshier
En moast hieltyd
Trije kear prûste
Ek fan wijreek en mirre nammers
En oare swietrokige harssoarten
Dêrom gong er ek net mei
Yn ’e stâl te Bethlehem
Hy bleau bûten en seach
Omheech nei de stjer
‘It liket wol oft de stjer my ropt’
Tocht de healwizer
‘Ik moat gean’
Hy naam it goud (dat wol)
Mei en ferdwûn
De oare healwizers hawwe
Dit nea oan ’e Grutte Klok hongen
Mar ek gjin milisekonden
Wurden oan him wijd
It koe Us Healwizer neat skele
Hy wie stjonkend ryk
En gûlde tsjin de stjerren
‘Sis no sels, jimme dêro
Wat is ivichheid?’… Lês fierder