De strieljende ingel
Klaaid yn wjerljochtsklean
Wie mar wat grutsk op syn lea
Sittend op in grutte Stien
Rôle hy mei syn bondels spieren
It klonk as tonger
Twa froulju
Maria en Maria
Seagen it
En seinen:
‘Dat is in geef eksimplaar’
Hja kamen tichterby, foelen
Op ’e knibbels en omklammen
Earbiedich syn fuotten
‘Hy is fan my,’ sei Maria
‘Hy is fan my,’ sei Maria
De ingel klapperwjukke
Hommels fuort
Mar de Maria’s twa
Lieten net los
En seinen earst moarn
Tsjin de fûgels en letter
Goeie tsjin de stjerren
Wêr’t hja úteinliks
Bedarre binne?
Wa sil it sizze?
Aldergeloks binne
Der noch mear as genôch
Maria’s
Mar ingels?… Lês fierder
Poëzij
by it lêzen fan in fraachpetear
in klap jaan oan ien dy’t jins guod fernield hat gjin beswier
hy giet net foar deftich foar de folle mep heech it krop
it hûne-each de kop yn it sân mislikmeitsjend dier
túch fan ’e richel bout er syn ministerbaantsje op… Lês fierder
Nijjiersdei
Klik hjir foar de PDF… Lês fierder
It natuergedicht / The Nature Poem
It natuergedicht
De moanne
is Hamlet
dy’t op in motorfyts
in tsjustere dyk
del komt.
Hy hat
in swartlearen
jek oan
en skuon.
Ik hoech
nearne
hinne.
Ik wol
de hiele nacht
ride.
(oersetting: Piter Boersma)
The Nature Poem
The moon
is Hamlet
on a motorcycle
coming down
a dark road.
He is wearing
a black leather
jacket and
boots.
I have
nowhere
to go.
I will ride
all night.… Lês fierder
In sintsje
It wie in sombere dei
yn Boalsert,
griis en wiet en kâld,
wylst it stedsje
ornaris al
sa treasteleas is
yn de hjerst.
Lokkich
seach ik Beitske,
we fytsten elkoar foarby
op de Blaupoartsbrêge
en groeten elkoar.
Se striele
doe’t se my seach,
stiek de hân op
en rôp
myn namme,
as wie ik
har leafste.
Dat makke myn dei
wer goed. … Lês fierder
Linich
in frou makket har drok oer neat
it is in hiele keunst om jin
drok te meitsjen oer neat
de dei hat ommers altyd de blaai út ’e bek
in man tinkt:
as ik plan-út gnize wol moat
ik de bliere stofkes aktivearje
in ein fytse foar de moraal
grut nijs
dy man wol himsels mei de kombinaasjetange yn ’e earm knipe
dy frou wol harsels mei de wetterpomptange yn it wang knipe
wêrom
wolle dy man en frou de wrâld
begripe dêr’t de heksebile gûlt? … Lês fierder
It hynder dat in lekke bân krige / The Horse That Had a Flat Tire
It hynder dat in lekke bân krige
It wie ris op in delte
dat in knappe jonge prins
op in moarnsread hynder
mei de namme Hearestêd
fan de goudblauwe bergen kaam
Ik hâld fan dy
Do bist myn azemjend kastiel
Leaf sa leaf
Wy sille ivich libje
Yn de delte
wie in moaie faam
dêr’t de prins
fuort sljocht op waard
as in Nij Meksiko makke fan
appeltonger en lange
bêden fan glês.
Ik hâld fan dy
Do bist myn azemjend kastiel
Leaf sa leaf
Wy sille ivich libje
De prins betsjoende
de faam
en se rieden
op it moarnsreade hynder
mei de namme Hearestêd
rjochting de goudblauwe bergen.… Lês fierder