Anne Feddema

Wij komen aan in Sint-Niklaas

logo.ensafh

 

Ik gong nei Machelen om it grêf te sjen
It grêf fan Gerard Reve
No wie dat net de wiere reden
(Mar it begjin is foar yntertekstuelen)
Yn ’e trein Antwerpen-Gent
Sittend op in bonkehurde bank
Tocht ik oan myn Flaamske Frienten
En in skomjend Bolleke
Bûten rûn Dulle Griet
Mei restanten fan Schalulleke
Yn stiltme lies ik in
Opljochtsjend skerm
‘Wij komen aan in Sint-Niklaas‘
België altyd oars as oars
By ús komt Sinteklaas earne oan
Ik krige nocht yn Maes
En dan fuort in liter
En dêr einlings… gau derút
Stasjon Gent St-Pieter
Middeis ha ik dan dochs it grêf sjoen
It grêf fan Gerard Reve
It lei der as in swarte monolyt
Iensum yn it snústerich waar
Ik hearde :
‘Weidzje myn lamkes’
‘Hoedzje myn skiepkes‘
Ik seach omheech
Stoep op it grêf
It klonk leech
Uteinliks kaam ik dochs
Noch oan myn gerak
Nei Westmalle, Corsendonk
Verboden Vrucht en in
Pauwel Kwak

En it ein fan dit relaas
Ik doch dit jier wer ris oan
Sint-Niklaas.… Lês fierder

Himke de Jong

Smycht

logo.ensafh

 

Sybren Pimpel
hat my op syn begraffenis
raar te pakken hân

yn ’e deadskiste
hie er de bek heal iepen
en seach my troch spleetsjes oan

as woe er sizze –
ienris leisto der ek sa by

godferdomme,
ik krij de kop fan dat lyk
net mear út ’e harsens al is ’t noch sa

sels ûnder it neuken
bliuwt er my oansjen,
de smycht… Lês fierder

Tryntsje van der Veer

Weibrocht

logo.ensafh

 

It romme, foarname, bûnt dêrkeazen oard,
dyn kertieren, dyn hôven, op wif fundamint,
ik hifkje dyn wicht, fersûp yn dyn wyn.

weibrocht 1

It lichte, trochgeande, werheljend skel lûd,
dyn leanen, stêdspoarten, muzyk foar in sint,
ik ferwinskje dyn hjitte, oertsjûge triomf.

weibrocht 2

It drokke, beboude, rikt yn ’e hichte,
dyn grêften, dyn muorren, omheechsketten krûd,
ik betsjinje dyn brêgen, oars tocht ik ’t my yn.

weibrocht 3

It fileine, dit tsjuster, yntins ferlitten,
yn gloppen, rioelen, dêr hûzet fenyn,
ik sûgje en koarje, bedongje myn hûd.

weibrocht 4

It âlde, breanedich, tiidleas ferwurden,
yn wensten, nijfoarmen, dekôrelemint,
ik sykje en strún, rin frijheid temjitte.… Lês fierder

J. Slauerhoff, Andries Miedema

Feest

logo.ensafh

 

Foar ’t feest wienen de sealen toaid,
de kelders iepen, de waaiers ûntploaid;
eat moaiers wie nea toand.
Mar no’t de ein komt fan ’t gelach
rop ik fan wee en ach.
Wee en ei,
om’t it net fierder troch giet
en net foar ivich bestiet.
It wurdt hast dei.

Fjouwer bokalen stienen dêr’t ik sûpte,
sieten noch trije drinkers,
tinkend oan gjin dei.
Doe’t it ljocht de seal yn slûpte,
kaam de duvel ús nei,
helle al de skinkers
en de nacht stiet op ’e weach.
‘t Waard noch letter;
oan ’e beek lis ik, drink wetter
en de lêste maat fan my
dy’t myn skande seach
wol te wurkjen op syn ikker
want de wrâld wurdt wekker
en heart oan de dei.… Lês fierder

Jan Kleefstra

Kraenlannen

logo.ensafh

 

Sompe sykhellet swier
reaget kjeld troch myn swijen

stadich siker krûp ik út de sinne
flap in wylster om har sjongen
smar slyk oer in útrutsen wurd

in weach te koart oer myn opset lichem hinne te slaan

it each op eltse blier

de ferlieding sil moarn in ferske wêze… Lês fierder