klik hjir foar de pdf… Lês fierder
Poëzij
Fryske jûn
wy sitte op ’e barte
by buorfrou achterhûs
ús brannettels bloeie
by har troch it stek
lykwols krije wy
kofje en wat derby
oare kant sleat gapje
skiep ús oan, klinkt slach
fan in klyster, dizz’ kant
pypboartet kat mei mûs
troch it kroas skowe
einepyk en ein, foarby
eardere huzen hiel oars
as dizze mar wy jonger
en grutter doe ús dreamen
mear minsken libben noch
mar ek minder want
dy’t dizze dagen
op ús hiemen boartsje
wiene der noch net
de loft kleuret read as
de rosé dy’t buorfrou
ynskinkt, proast
op de minsken en
huzen fan doe, proast
op dy fan no
net folle mear te winskjen
beleaven net, we kinne dit
ommers amper neikomme
ûnderhâlde, slaggen as dy
fan opkommende tonger
net te kearen, proast
op dy’t oer safolle jier
dizze huzen, hiemen
wolkje ús wurden
út ’e sleat wei krûpt
de damp yn ús klean… Lês fierder
Wêr’t it om freget
Dêr, tusken de stiennen en yn it sân
dêr’t heech it strakke tou oer spand is
dat freget om holle rjocht en earmen
wiid en om ’e wyn dy’t twirret yn hier
en om ’e fingers, dêr fynst it net ast
sikest. Net yn de rook fan skjin papier
of spuonnen hout.
En yn it stille wyt net. It freget om
in doelleas gean de buorren út, sûnder
immen acht te slaan en dan ynienen
út in doar dyn lytse hûn dy’t jierren
dea wie. Om nachtlik blaffen freget it,
om skerpe tearen yn in fuorttreaun
lekken oer de grûn.
Bliuw dêrom lizzen yn dyn bêd hjoed
en lit de dei op wolken fierder farre.… Lês fierder
Por los Caminas de Mysore / Op it Paad fan Mysore
Por los Caminas de Mysore
út: Ladrra Este (Eastlike Skeante) 1962 – 1968
Rocas azules, llanos colorados,
cárdenos pedregales, nopaleras,
magueyes, bosques acuchillados – y la genta:
¿su piel es más obscura o más blancas sus mantas?
Patrias del gavilán, cielos tendidos
sobre el campo de par en par abierto.
La tierra es buena para soñar o cabalgarla.
A pesar de las hambres son bien dadas las hembras:
pecho y cadera llenos, descalzas y alhajadas,
del magenta al turquesa el vestido vehemente.
Ellos y ellas andan tatuados.
Raza de ojos inmensos, pedernal la mirada.
Hablan en jerigonza, tienen ritos extraños,
Pero Tipú Sultán, el Tigre de Mysore,
bien vale Nayarit y su Tigre de Alica.… Lês fierder
Wetterlanner
’t Is hânwurk en noait dien dit
op ’e taast fiskjen. Stiiffêst
neidripjend mei wat eefkes net mear stilstiet.
Losheakke, it segel derôf
Dan mar hoopje dat dit skeppen yn bûsen stekt.
Oaren der op syn heechst noch in tikje tsjinoan jaan moatte,
lichtwol noch wat opdippe dat ik net omeide haw.
Dat is net ûngeryflik, ik bin poreus.
Lit it mar welje, oprispje dan
eat fan besaksel foar ’t ljocht.
Soer of soerich as it ferweecht in hoart
fertroebelet alear’t it delsaait.
Faaks dat myn klapwjukjen flechtich
it ôffeljen strjemmet of opmoediget miskien
wat fan ’e grûn komt wer
yn ’t sied sjit.… Lês fierder
Zoölogy 1
Sleepnetfiskje oer de boaiem fan myn siele
Myn pinne rachelet hjoed allinne
mar besopen gedichten mei
in promillaazje dat ferkearstechnysk
ek noch problemen opsmyt
In radiaal symmetrysk nettelbist, bin ik
mei swabberearms yn lij simmersop
om my hinne oars neat as deiblêden
en nachtflinters wylsto my begluorkest
mei it each fan in orkaan
Game over en format C:
dyn software wurket blykber oars as mines
of ha ’k my fersjoen, myn leave prins
en wie’sto
al foar myn earste tút in podde?… Lês fierder
Nei de haadstêd
hân yn hân
& tút foar tút
sûzebolje wy, swart
lâns swannehalzen dy’t bûge
nei doezebouten
yn sulveren sleatten
oant ’t iepen IJ
my wekker skittert… Lês fierder