Poëzij
elegy
It hûs sliept
Der knoarret in lyts lûd búk
In lichte grom fan âlde mei facht
beklaaide dames
De dames hâlde har dapper
Ien fan de twa net te temmen sûnder
remmen in suver wêzen
Dat oare dappere bern wol sacht en
wûnen fersoargje
Ik wol fan beide dat se binne
Dat moaie bern en frij
Sûnder myn siik wêzen
Ik draaf as in gek troch tsjustere wâlden
Troch de snelheid ferlies ik
myn ferstân
Mar ik ha haast
Al lykje ik in gek
Ik wol myn bern dûnsjen sjen
Op troetelbeare wolken dy’t ik ek fiele
kinne wol
Ik ha haast
Dêrom ha ik haast
Oersetting: J.Q.… Lês fierder
Katalaanske Skjirreslyp
Woansdeis klinkt
Yn lytse plakjes
Iensume Panfluittoan
Fan Katalaanske Skjirreslyp
Alle kearen
As hy by ús
Yn it doarp kaam
Sei it wyfke
Gong der ien dea
Myn man hâlde sels
De messen skerp
Mar dy is der
No net mear
Samar fuort
Koroana
De woansdeis
Bin ik no
By myn suster
Yn Barcelona… Lês fierder
Fergetten lân
Foar my binne de nammen fan bou- en greidelân ferbûn mei dêr’t ik weikom: Penjum. Stikken mei nammen as Bargekop, Bile, Hynstekop krigen dy namme fanwegen harren foarm, mar binne troch ruilverkaveling al lang harren nuveraardich model kwyt. Oare stikken krigen de namme fan de brûker (Beppes tún, Pietsje trije), fan spûkferskiningen (Swevelstokken), of waarden neamd nei de haadpersoan út in leginde (Okke Hel). De Duvels Heale wie in eintsje grientetún oan ’e foet fan ’e terp. Wie it in mislik stikje grûn? Hie de pastoar dêr, of letter de dûmny, dy’t der ynearsten dêr it sicht op hie, it swurk dêr driuwen sjoen, of wie de brûker fan it heal pûnsmiet in fûleindige flokker?… Lês fierder
Skepping
it park fan over holland
hjir al fjouwer jier wenje en it net earder dien
in kuier meitsje troch it park fan over holland
no kin it dan wurde no’t ik nije knibbels ha
op ’e fyts is it mar in eintsje de strjitwei del
nieuwersluis foarby it fytspaad nei it pontsje op
hast oan ’e ein de yngong mei in balke derfoar
dêr rin ik omhinne en ik set de fyts tsjin in beam
it park wie slim ferwaarloazge hie ik meikrigen
utrechts landschap eigener fan bûtenpleats en park
hie no ta achterstallich ûnderhâld besletten
ferline jier oktober koe ik it net litte
bin ik der wat ferbean is even trochinne fytst
no sjoch ik yngeand nei wat der allegear dien is
fuort foaroan is in hoeke keal makke foar stinzeplanten
bloeie snieklokjes komme aronstsjelken op
twa keizerskroanen in inkelde titelroas
oerkommen nim ik oan út it park fan sterreschans
dat oare kant it fytspaad leit mar net tagonklik
spitich want in grutter ferskaat oan beammen struken planten
fan it paad ôf sjoch ik nei de foarm- en kleurepracht
park over holland is ferlike dêrmei ientoanich
in boskperseel eins mei rjochte paden en sleatten
dan stean ik op ’e sichtline fan ’e bûtenpleats
dy’t yn ’e fierte troant yn it folle jocht
it paad rint fan ’e strjitwei ôf rjocht it bosk yn
mei derlâns âlde en nij oanplante bûken
iepen oan ’e ein sjochst boppe de dyk út
de skippen op it amsterdam-rijnkanaal
begearich om my hinne sjend rin ik fierder
de sleatten binne slatten de wâlen keal makke
op plakken beammen en ûnderhout romme
in stik greide yn ’e midden soarget foar ynlikheid
tusken de beammen in hege keale stam
oerbliuwsel fan it tekoart oan ûnderhâld
in nij brechje oer folgje ik it rûngeande paad
hast oan ’e kanaaldyk ta en alhiel de súdkant lâns
troch de beammen hinne de flats fan breukelen
oan ’e oare hân wer de ljochte greide
oer in rjocht paad by in brede sleat lâns
kom ik wer út op ’e sichtline
tusken de bûken dêr oan ’e wolken ta
ek noch sa’n stam sûnder tûken en bast
ik eagje noch in kear nei over holland sels
it bûten leit oan ’e oare kant fan ’e strjitwei
ticht tsjin de vecht oan mei de foarkant der nei ta
oan ’e strjitkant is dwars op it hûs in stik oanboud
heech en lang dat foar de helte yn in fiver stiet
de tún der omhinne sober as it boskpark
allinne beammen wol in see oan snieklokjes
oer in oare fiver hinget in omwaaide beam
over holland liket ûnbewenne is it net
it hûs wurdt ferhierd troch de lânskipsstichting
gjin plak sa ryk oan iken lies ik yn it ledeblêd
(16-2-2022 – 17-2-2022)… Lês fierder