De stiennen trep rint fier omleech
de delstap nei bloed en nei triennen,
dêr wachtet de driging fan de dea
tsjin oermacht is neat te begjinnen.
Sy tôgje mei stiennen op ’e rêch
in lêst dêr’t se ûnder beswike,
de joaden en de partisaan
it binne al libbene liken.
Hjir hearde Andonis in stim
út need it wanhopige roppen,
o kameraat, o kameraat
bring my út de hel wer nei boppen.
Mar dêr op dy brede trep omleech
moat elk foar de fijân ferskine,
in mins is net langer in mins
begrutsjen feroaret yn pine.
De joad hy kaam net mear oerein
hy koe syn lêst net mear drage,
Andonis naam doe dy twadde stien
sûnder him te beklagen.… Lês fierder