Om bittertafel glimpkjend leedfermaak
bysittend folk wat stive blêdeklauwers
dreech, dûbelnekkich, stik foar stik oansjouwers
fan rederykdom, harren earesaak.
Guon ferversfeinten wakker teatraal
de skildersezel fan ús taal hantearje,
steltrinnen yn har rûntes útprebearje;
wiisgearich dogge hja har waarferhaal!
Hast geniaal, de meidielsume taal
fan aaikes yn wurdlidpatroan op rige;
werhellings noch net om har teksten lige.
Oarspronklik sizzen fier fan selebraal
neat sjocht yn ’t sinteklaasferhaal. (mei niget
oan ferbyldzjen socht aaikebrieder taal.)
(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh site it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir.… Lês fierder