Ruurdtsje de Haan

Hein ús yn de hân

logo.ensafh

 

Dizze ierdbal is fan hout, útsnien 

binne de seeën fol fisken, de finnen
it lân. Harren bolle koppen stekke
ta it wetter út, it duorret net lang
of de iepen mûltsjes snippe
buollen út de loft. De tiid woe
poatsjes bernje. Safier kaam it net

– ingels hawwe wjukken en
dogge de hannen gear, duvels
drage flearmûsflerken en
slaan de kloeren út –

want wa boartet der mei?
De hoallefoaljende fisken
ferslite it waarme hout
fan de lytse sinne. Finnen wine
har yninoar, reitsje fertyske en
de bedragen wrâld ferdjert.
Immen ferbruts it heinen en fangen.

 

Skreaun by ‘Bol met vissen’ fan M.C.Lês fierder

Geart Tigchelaar

as klaai

logo.ensafh

 

foarmjend draait it klútsje
dyn weakens lit ’m knipe
krijst de namme
sa’t ik dy hjit
ûnder myn hannen krijst stal
al draaiend befingerjend
klútsje klaai nei myn byld

mei de goede oanpak en dosearring
rûnens en kontoeren sichtber
hjittens fan ûne feriviget dy
kuollest myn tins ta wierens… Lês fierder

William Carlos Williams

Dit eefkes / This is Just to Say

logo.ensafh

 

Dit eefkes

Ik ha
de prommen
út ’e koelkast
opiten

dyst fêst
bewarje woest
foar
fannemoarn

Ferjou my
se wienen hearlik
sa swiet
en sa kâld

Oersetting: Piter Boersma

This is Just to Say

I have eaten
the plums
that were in
the icebox

and which
you were probably
saving
for breakfast

Forgive me
they were delicious
so sweet
and so cold… Lês fierder

Eric Hoekstra

Kosmyske lustposysjes yn in nút

logo.ensafh

 

Yn stilte mûlkje lippen poëzy
wylst oaren beulsbretaal mobyls beraze.
Ik tonkjefrij mei jim, leave lidden,
en fier mei jim de lustposysjes út.

Midden ûnder it bidden kriget de call-centre operateur
in fisioen fan ’e spuitsjende god, jokk’t ’m de holle-nút.

Frees net, dimmene fammen, foar de opperteur fan fantasy,
hy rimet al syn langstme del yn selsbefre’igjende poëzy.

De p en de d steane foar soixante-neuf,
by de glêde j besljurket er in juf.
Op ’e f’en leart er fellaasjo,
by de O taast er yn jo skerte-i-o,
jo, i-a, jo, op-en-dellet syn ezelsnút
âlet jo-ho alle langstme derút:
net nei te kommen ûnsisbere discursio.… Lês fierder

Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set (9)

logo.ensafh

 

Dit is de njoggende en lêste ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk. De eardere ôfleveringen stean op ensafh 1, 2,3, 4 , 5 , 6, 7 en 8 (sjoch Argiven).

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning.
Lês fierder

Eric Hoekstra

De Fryske Buddy

logo.ensafh

 

It is in skriklik ding en wês
buddy fan in aidspasjint, lês
boeken dy’t er skepsum skreau
foar’t er yn Amnesia bleau:
coke dy hold him oan de lijn,
bondage fûn er tige fijn.

Fan ’e hichten en lichten fan ’e geast
is er stammerjendewei fertein.
Werom op syn taalyntymst domein
socht er yn ferjittelheid treast.

Noch resitearret er in pear sterke stikken
want identiteit wurdt stal jûn yn ferhalen,
mar op it toetseboerd fan geast is net te tikken,
it bliuwt by jammerdearlik rûge halen.

Sjedêr op dy scan ferfykt it mês
fan sykte sel, ferhaal, identiteit.
Alderiensumst is de opdracht en wês
freon fan heit-en-memmy’s sike taal.… Lês fierder

Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set 8

logo.ensafh

 

Dit is de achtste ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk. De eardere ôfleveringen stean op ensafh 1, 2, 3, 4 , 5, 6  en 7 (sjoch Argiven).

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning.
Lês fierder