Anne Feddema

Geheim

logo.ensafh

 

 

 

 

Bûtenút fyts ik
Foarby it
Beweechlik stillibben
Kryptysk fertsjuskjen
Komt my temjitte
Noch waarme
Novimbersinne
Rook swiet
Wiet hea
En jarre
Lânlibben
Fata Morgana
Wrâld trillet
Yn ljocht
Boere-oaze
Protters op dongbult
Aanst tsjuster dûnsjend
Oan ’e himel
Yn waaiende wolkens
Fûgelfoarsizzing

Nim my op
Yn jimm’ waarme
Tsjettertekken
Faaks mei nije wjukken
Haw ik jim ek eat
Te fertellen… Lês fierder

Harm Woelinga

Finster iepen

logo.ensafh

 

 

 

 

Finster iepen

it finster iepen
wurden en blêden twirje
de wyn is om

ien hân
beklaut in jokjende hûd
de oare mei de kop
by it toetseboerd

de túnklauwer gappet
mei skjinne tinen
tsjin de hoksmuorre

wat oanwaaien kaam
komt net binnen
blêdôffal by de bult
oanklaud stean ik by de bûtendoar… Lês fierder

Lubbert Jan de Vries

De earste ynslach

logo.ensafh

 

 

 

 

Meast
Nei de earste ynslach
Strûpe guon fermogens derûnder

Rekkene neffens de klap
Krekt oerein
Net betize oer belies jaan
Weagje wy ús
Yn de nacht
Oer it skansearre paad

Sûnder bangens foar de grutte fan dit lijen
Net hindere troch staffens en nachtblinens
En miskien de sinleazens fan dit protest

Om lûd en sicht werom te heljen

Rekkene neffens de slaggen fan it hert
Ivich betûft en nea fernuvere
Weagje wy ús
Yn de nacht
Op wei yn it skeinde lichem
Mei foarop de wite flagge

Wilens
Komme de fermogens stiloan oerein
Longerje yn de nearens
Sy binne fan ús
Wy hâlde fan har
Bongelje fierder
Sette sa troch nei moarnier
It gehoar wer klaaid mei lûd
It sicht mei ljocht

Soks is reden om fleurich te wêzen

Lykwols

Betink
Leafde & freonlike wurden sille omkomme
Fermogens derûnder strûpe
Dochs fergean
As dat allegear in rimpen & ûnbetochtsume died is
En aansens yn ferneukt nije sprake
It útmergele & oanfretten bestân op tafel leit (in misdied)
Leafde & freonlike wurden sille omkomme… Lês fierder