Harmen Hospes

Boer siket frou

logo.ensafh

Frege: in jongfeint om op myn frou te passen.
Learewei 7 Flânsum

Dizze advertinsje stie yn de Ljouwerter krante fan juster. It like my wol wat. As myn freonen der achter komme, sille se sizze: Neat foar dy, Hylke jonge, kinst net iens op dyn eigen frou passe. Dêr ha se gelyk oan, oars wie myn frou net mei de buorman gongen. Hoe dat kaam? Ja, wat sil ik sizze, se woe wat oars, út ‘e sleur wei. Ja, dat woe ik ek wol mar ik die it net, sy wol. Spitichernôch hie de buorman gjin frou, dan hiene wy ruilje kinnen.… Lês fierder

Lomme Schokker

Skrebbelje

logo.ensafh

Sûnt in lytse tsien jier spylje ik it spultsje Wordfeud = Scrabble op myn mobyl, mei altyd itselde stel freonen en kunde. Myn partners binne allegear froulju en – op ien âld-kollega en de buorfrou nei-, jierrenlange freondinnen fan myn frou. Bytiden rattelje wy faker en langer as dat ien fan ús sa nedich de measte punten behelje moat. Mei ien fan myn partners ha ik ûnderwilens by de stân fan hjoed 5074 potsjes spile en wy steane op ’e kop ôf presiis gelyk. It giet ús inkeld om eefkes wat mei-inoar te dwaan yn de lege tuskenpoaskes fan it deistich pielen.… Lês fierder

Giny Bastiaans

“Allegear ferantwurdlik”

logo.ensafh

Ha wy de koroanakrisis krekt hân. Lizze wy ynienen wekker fan in freeslike oarloch yn Oekraïne. Fielt noch akeliger as koroana. Yn wat wrâld binne wy mei elkoar bedarre?
De bylden op TV en yn ’e krante binne net mei droege eagen oan te sjen.
Ik hie al in kollum klear. In fleurige kollum. Dy kin no gewoan net. Fielt net goed.
Mar earlik is earlik, ik zap de oarloch op TV ek wolris fuort en set in domme kwis oan. Nei in kertierke tinkst: ‘Wat sit ik hjir eins te dwaan?’ Oekraïne yn ’e brân en ik hoopje dat de sympatykste fan de kandidaten de striid wint.… Lês fierder

Lomme Schokker

Oarloch fan in lyts mantsje

logo.ensafh

Jongfeintsje op skoalle, mûnling Havo-eksamen Nederlânsk. Twaentweintich boeken steane der op syn lyst, net sa’n bytsje fynt er sels. Hy komt tsjin twa mannen oer te sitten. De iene in learaar, de oare de Deputearre. Dy kwizekwânsjeman hat swart hier, swiere eachbrauwen, praat ûnder it fûstkjen mei in sêfte gjee. Dosint stelt de fragen, it slydjaget aldermirakelsk, wylst de donkereagige Deputearre harket, skôget, blêdet, it ien en oar notearret. Op it lêst stelt dy man ien fraach. Oer ien boek. Of eins, twa fragen oer itselde boek. Wêrom it boek ‘Mijn kleine oorlog’ fan Louis Paul Boon op de list stiet en wat er fertelle kin oer de ynfloed fan krekt dat boek op de Flaamske literatuer fan nei de oarloch.… Lês fierder

Froukje Postma

Teetiid

logo.ensafh

Twa grutte koppen, dampend fan langstme. Se rûke nei gember mei sitroen, nei ferwachtingen en rôze dreamen, in belofte fan dêr‘t gjin tiid en gjin romte besteane.
Ik drink fan myn tee, en ferdrink yn dyn eagen.
As antwurd steksto dyn hân nei my út.
Myn hân siket, fynt, hâldt fêst, hâldt fan.
De tafel sit yn it paad, te grut, te hoekich, te swier foar de hieltyd krimpende romte tusken ús yn. Dyn rook berûzet my, safolle swieter as it Fryske dúmke op it pantsje.
As de tee op is, bin ik hast ferdronken. Ik hap nei lucht, wol my oan dy fêstklamje, winskje dyn sykheljen yn myn longen te fielen.… Lês fierder

Henk Nijp

Sneu

logo.ensafh

Ynienen stiene wy stil. Foar ús gloeiden noch yn stikmannich reade efterljochten. It wie roettsjuster, der waaide in heale stoarm en it reinde al de hiele reis; de rutewiskers hiene noch gjin tel rêst hân. Ik roai dat wy sawat de tweintichste auto wiene yn ’e rigele foar de brêge fan de Stevinslûzen. Mar it koene der ek in pear mear wêze. Fierderop knipperen wat reade ljochten, dy’t, sa ornearre ik, wol fan de slachbomen fan de brêge wêze soene. Ik tocht by mysels ‘hokker skipper wol yn ’e goedichheid mei dit hûnewaar jûns tsjin sânen perfoarst nei de Iselmar of sa nedich de Waadsee op’ mar ja, wat wyt ik dêr úteinlik fan.… Lês fierder

Anne Feddema

Lul mar in ein fuort

logo.ensafh

Wat soe it wêze kinne?…bin ik by eintsjebeslút dochs mar in ordinêre, gewoane Romantikus behept mei in stikmannich skaaimerken,dy’t ornaris thúshearre yn it Autisme Spektrum?
Jo sizze it mar…of moat ik sels anderje?
Miskien tinke guon, of de measte minsken sels wol, dat in skriuwer it mar maklik hat mei dat skriuwtalint dêr’t sy of hy mei op ’e wrâld set is.
Lekker alle ellinde fan ’e wrâld om je hinne en dêr’t  jesels mei ompankoekje, as in rôfdier yn ’e bek pakke, in pear kear mei de kop skodzje en dan ferwurkje ta hapklare biten en brokken, dêr’t de lêzerwelpen dan wer wat mei kinne.… Lês fierder