Lomme Schokker

Fryske ruters en stikeltrie

logo.ensafh

Ferline wike late in Spaanske freon ús om troch Puerte Banús, de ferneamde jachthaven fan Marbella. Trije op de fjouwer auto’s op de kaai wiene Bentleys – de oare wiene deagewoane Maseratis –, it iene jacht wie noch pronkmoaier as it oare en oan begjin en ein fan de kaai stiene fleurige rjochtingwizers nei de needsaaklikste winkels: Guzzi rjochts op twa hûndert meter, Prada links op minder as fyftich.

Op de ein fan de kaai, it tichtste by de see, stiene opsichtige kopstikken fan twa âld-boargemasters. De korrupsje wie hjir yn de foarige iuw op it slimst, sei myn freon, yn de tiid fan Franco en flak dernei.… Lês fierder

Anne Feddema

Smoarge filmkes jouwe rêst

logo.ensafh

It liket  wol as oft ik yn in romteskip sit en oer in oare planeet digerje as ik nei de smoarge filmkes sjoch. Mar wat is smoarch?…goar?. Wa sil it sizze?
Ik dan mar, want it is by eintsjebeslút myn kollum no? Sil ik earst ris beskriuwe wát ik sjoch?…of begjinne mei wêr’t ik it sjoch? Dat lêste mar dan.
Op Facebook komme allegear ferskillende filmkes foarby, fan idioate itensiedfideo’s…hoe brûk ik myn bôleroaster oars?…bygelyks foar pankoekbakkerij of soks…of om te rierbakken…betink it mar. Kreative hapsnoarkers dy’t ferve op in doekje útsette as tsjokke M&M’s en der dan in grouwe kwast trochhelje en sjoch in lânskip…tsjoenderij lêzers…jimme keunstskilder, moi alsa, kin wol ophâlde.… Lês fierder

Giny Bastiaans

In mislearre Snollebollekes liet

logo.ensafh

‘Ik moat der wol oan wenne, hear,’ suchte freondin T. ‘Wat wie it in kabaal!’
‘Wat no, juh? Watfoar kabaal? Dy fleantugen?’
‘Eh nee, op dy reüny, fan it ôfrûne wykein. Ha ’k dy ommers wol ferteld? Dy famylje-reüny. Ik bin sokke groepen minsken net mear wend. Nei de koroana stilte. Dan krigest somtiden mar ien minske op besite. Mar no sietst ynienen yn in hokfol. Mei goed tritich minsken. Dy’t allegear tagelyk wat fertelle wolle.’
‘Gesellich dochs?’
‘Jawis, mar ik tocht op in stuit al: Wêrom raze se allegear sa? Soene se ûnderwilens allegear dôf wurden wêze?’
‘Minsken wienen bliid om elkoar wer ris te sjen,’ tocht ik.… Lês fierder

Froukje Postma

Grutte earen

logo.ensafh

‘Wêrom kin hy no noait ris nei my lústerje!’ Gûlend jout Marchje har op ’e bank del. Wêrom is har freon sa no en dan sa’n ferskriklike hurk!

Se aait har kat Boris dy’t oprôle yn ’e hoeke fan de bank leit te sliepen. Hy begjint daliks te spinnen. Har triennen dripkje op syn read-oranje hier.

“Gelokkich kinsto wol hiel goed lústerje,’ flústeret sy. ‘En boppedat fertelsto noait wat troch oan in oar.’

Boris iepenet ien each.

‘Ja, duh. Oan wa soe ik it fertelle moatte,’ brommet hy. ‘Dyn freon lústeret alhielendal net nei my.’… Lês fierder

Henk Nijp

Lêste simmerdei

logo.ensafh

Wy ornearren dat wy de simmer hjoed wol útkonfoaie koene. No ja simmer…, mear wat in sneue parody op wat wy wend wiene de lêste jierren. Mar neffens de berjochten soe it noch even wêze dit wykein. It kaam lykwols allegearre wat let op gleed, wysels ek trouwens. It bleau mar griis en dampich. Tsjin middei kaam de sinne der dan dochs wat skruten by mar it fanatykste wie der wol ôf.
Mar dochs …, wy koene moai noch even op C oan om wat boadskippen en om, grif foar de lêste kear fan ‘t jier, by see te sjen. Nei alle gedachten wie der noch wol in strântinte iepen en koene wy dêr in ‘broadsje dit of dat’ krije.… Lês fierder

Lomme Schokker

It tiidrek fan in gedicht

logo.ensafh

Doe’t ik in jier of sechtsjin wie en guon bestimde langsten my wat yn de wei sieten, foarme stadichoan de poëzy in begearich perspektyf yn myn lege jûnen. Ik typte sokke gedichten oer as dizze fan Tjits Peanstra: “Lit ús in hûs fan stilte bouwe, mei muorren fan leafde en in dak fan frede, mei keamers fol blydskip en in tún, in tún mei hwat ljocht en hwat skaed mei hwat sjongende fûgels en in slûgjende kat op it paed.” Sa’n gedicht snapte ik teminsten en de ynhâld wie wat ik nedich hie. Dy multomap mei in legioen oan gedichten haw ik noch.… Lês fierder

Anne Feddema

Passe-Partût

logo.ensafh

Hjoed, rju eale, ensafh lêzers, woe ik it mei jimme hawwe oer…it of de, sels witte, Passe-Partût.
De wát?…de (of it dus) PASSE-PARTÛT.
Koartsein: de kartonnen skieding, râne, om in tekening, akwarel, skilderij op papier, ensfh. yn in list, dy’t je dan ophingje kinne oan it lewant of wat je der ek mar mei dwaan wolle.
It is in lienwurd út it Frânsk en betsjut, je kinne it der al yn lêze as jo in bytsje niget oan taal hawwe,…kaai dy’t op alle doarren past.
Yn taal wurdt it wurd ek brûkt foar wurden, dy’t alles en neat betsjutte: plakfine, neist, yn ferbân mei…no sa.… Lês fierder