Hjoed is it moandei, 26 april, in strieljend blauwe loft. De keunstner hinget op ‘e bank en skriuwt in kollum. Dan komt him yn ‘t sin dat er de wask ophingje moat en dat moat no barre, oars bliuwt de wask te lang yn ‘e masine sitten en rûke de klean aanst wer net lekker fris. Ik bedoel mar: sa’n begjin…om te koarjen. Hoe húsk wolle je it hawwe?…krije? Miskien wolle de minsken (hokker binne dat nammers?, útsein de oare redaksjeleden) leaver lêze dat ik, foar’t der in stikje bôle nei binnen kin, earst in liter ferheuging fuortwurkje moat. Dat ik healsmoar nei de bakker of supermerk moat en ûnderweis fan alles en noch wat tsjinkom.… Lês fierder
Proaza
City of wat….?
Wy befine ús hjoed yn it ‘Gemeentekantoor Leeuwarden’, ja dat gebou by de Aldehou. It is yn de iere maitiid 2021, mar it is kâld, geduerich falle der maartske buien en sa no en dan is it plein foar it gebou oer folslein wyt fan ‘e hagelstiennen dy’t ek noch yn ‘e flecht, yn hechte gearwurking mei de wyn, de ruten dêr tamtearje. It is noch lang gjin maitiid sa as maitiid bedoeld is. Men soe der waarsiik fan wurde.
It is stil yn it gebou, want der hearsket noch hieltiten koroana; dêr sit ek al gjin skot yn.
In protte amtners wurkje thús, meie net iens op it wurk komme en hja ‘zoome’ hiel wat ôf.… Lês fierder
Op fakânsje
Wannear’t ik de doar út stap, wurd ik begroete troch hjerstich sinneljocht dat in noflike oranje gloede oer it gehiel útspraat. Mei in pear stappen bin ik op it strân, de weagen skolperje oer it sân. In pear libellen gûnzje om my hinne en kinst de skaden fan fisken yn it wetter sjen. Gean even op de loaie stoel sitten tusken de pompoenen. Dy kinne aanst rispe wurde en omtsjoend wurde yn lantearnen, yn ferskillende soarten en maten en fjouwer kleuren.
Helje it ark út de bûse en doch myn deistige rûntsje oer it eilân. Fossilen út de grûn, appels en ikels út de beammen skodzje en sa no en dan de bisten dy’t hjir wenje dei sizze.… Lês fierder
Dichters fan Fryslân en it Vaderland
Sûnt 2017 hat ús provinsje in Dichter fan Fryslân en dêrneist hat ek in Fries twa jier lang Dichter des Vaderlands west. Ik jou yn dit stik efkes in koarte yndruk fan de kwaliteit fan de laureaten.
Lit ús úteinsette mei Eeltsje Hettinga, dy’t DFF wie fan 2017 oant 2019. Hettinga liet him kenne as ien dy’t graach ûnderstreekje wol dat er oan de goede kant stiet, polityk en maatskiplik sjoen. It is in saneamde Gutmensch, en dat wol wolris steure yn syn poëzij as DFF, lykas gedichten oer it klimaat, krekt as soe it CO2-gehalte dêrtroch sakje.
Lykwols, syn gedicht Malta – De opblaasde dei, oer de fermoarde sjoernaliste Daphne Caruana Galizia, wie in boppeslach en luts ynternasjonale oandacht.… Lês fierder
Myn mythos
April is de moanne fan ’e filosofy, mar it tema fan dit jier, ‘de natuer wie hjirre’, sprekt my persoanlik net sa bot oan. ‘Natuer is foar tefredenen of legen,’ sis ik J.C. Bloem hjir mar nei, ‘en dan, wat is natuer noch yn dit lân?’ Lokkich is de twadde wike fan april de wike fan de klassiken en dan bin ik wol thús. De lêste tiid hâldt it wêzen fan mythos my nammentlik wat yn de besnijing en as dat net klassyk is, dan wit ik it net mear.
In mythos is trouwens hiel wat oars as it wurd myte yn ús deistich spraakgebrûk.… Lês fierder
It koe minder
Kollumman, hjir is er wer. Jimme, geniaal skriuwende, nije ynsichten op it aljemint bringende, Kantiaanske byldzjende superheld, om mar ris in pear strielen solipsistyske hagiografy op mysels skine te litten.
In oar docht it net no?…of ik soe by Fers2 gean moatte fansels. Mar dat doch ik 1…3…4…net.
Ék net en benammen hiel ienfâldich net, om’t it net subsidiearre is…ik wurd leaver sliepende ryk, jou my ris ûngelyk, by Ensafh.
Mar ik woe it net hawwe oer saken dy’t never nea net haadsaken foar my wurde sille.
Ik woe it hawwe oer de folsleine foldwaning dy’t ik út it meitsjen fan myn wurk helje, literêr en byldzend en muzikaal en net om’t ik sa sa nedich etalearje moat hoe goed ik wol (net) bin.… Lês fierder
Met een boekske in een hoekske
Atze van der Veen siet as in hearremyt op in skilderij út ’e iere renêssânse, tusken steapels boeken en boekekasten, dêr’t guon planken fan knapt wienen, sadat de boeken, dy’t der op stienen eins leinen op ’e rige boeken dêrûnder. In útspranteljend boekeuniversum. Hjir hearske in guodlike boekegeast, eigner fan in antikwariaat, dêr’t miskien heechút, ien of twa minsken op in dei binnenkamen.
Boeken alsa én goede boeken fansels. Dêr soarge Atze wol foar. Boeken, jawis…heech opsteapele… besteapele… ûndersteapele… fersteapele… neam mar op. In skatkeamer as de tombe fan Toetanchamon… hillige serendipiteit, foar wa’t der tiid en muoite foar naam om by Atze te sneupen en te strunen.… Lês fierder