Al salang’t it my heucht wurdt my ferteld dat it Frysk ferdwynt as wy der net goed op passe.
Ik wie noch mar sa’n famke doe’t ús heit my der al op wiisde dat ik Frysk prate moast tsjin Nederlânsk pratende boarters. Of tsjin myn playmobilpopkes en plestik soldaatsjes. Hy woe mar net fan my oannimme dat it yn it Frysk foar gjin meter boartsje woe; dy popkes praten allegear Nederlânsk. Cowboy’tsje en Yndiaantsje boartsje – soks soe no net iens mear meie, trouwens – slagge ek net yn ús memmetaal, sels net as alle dielnimmers oan dit populêre tiidferdriuw thús ek Frysk praten.… Lês fierder