
Yn it offisjele berjocht fan de provinsje stie dat neffens de advyskommisje foar de Gysbert Japicx-priis de kwaliteit fan de te beoardieljen boeken, dichtbondels en oare sjenres heech wie, mar dat der gjin boek mei kop en skouders boppe-út stuts en dat de kommisje dêrnei besletten hie om in oeuvre te bekroanen, dat fan Durk van der Ploeg.
It is oars de gewoante dat de sjuery him by de priisútrikking ferantwurdet. De sjueryfoarsitter lêst dan it sjueryrapport foar. No is de ferantwurding fan de kommisje al yn it parseberjocht nei foaren kommen en dat net allinne, yn fraachpetearen mei de parse ha guon kommisjeleden har ek útlitten.… Lês fierder