Suzanne van Zwam

Kompost

logo.ensafh

‘Om it geefste Frysk te hearren moatst in oerke op it Halbertsmaplein yn Grou stean,’ sei Master Piter. Dat hearde al wat selsbeflekkend, want Master Piter kaam fan Grou. Mar wa wie ik om him tsjin te sprekken; in skruten Hollânsk famke dat sa graach dielnimme woe oan de Fryske doarpsidylle. Ik sûge de taal op. Yn Grou is it blykber op syn bêst. It Frysk.

It waait en it reint en it is moandei. Of wolle de bruorren Halbertsma my straffe dat ik de wurden fan Master Piter noait opfolge ha? Yn fiifentweintich jier is harren plein al wat feroare.… Lês fierder

Anne Feddema

Freon

logo.ensafh

Nei de dea: Dichtung und Wahrheit … Wat is wier? En wat kloppet bygelyks net fan alle ferhalen dy’t foar it ljocht komme as immen, yn dit gefal in hiel goede freon, ferstoarn is? Je hoege, neffens my, net dea te gean om in boarne fan ferhalen te wêzen foar in oar, sjoch it deistich libben. Miskien, lêzers, hawwe jimme der eat fan meikrigen: Eddy Sikma, De Skilder, de Ljouwerter keunstner, baas tekener fan vedute (stedsgesichten, wenten, tsjerken, ensfh.) en ekspresjonistyske, abstrahearre skilderijen (opset yn fjouwerkante, swarte en primêre kleur kwaststreken fan bygelyks it Waad en ek gauris fan bouputten en havenplakken as Harns), is der net mear.… Lês fierder

Jemke Visser

Jan Pierewiet

logo.ensafh

Net iens sa lang lyn snijde it noch en no wurdt der hagel foarsein. Ik tocht oan:  Hagel en sneeuw, onweer, wind en regen, deren ons niet, we kunnen er wel tegen, lach er maar om, en stap er flink doorheen, ’t is pech, maar zeg als straks de zon weer scheen, la la lalala …!

It komt út ‘Jan Pierewiet, ’n Bundel liedjes voor school en leven’. Foar de earste kear útjûn yn 1933 belibbe it oant 1972 mar leafst njoggentjin werprintingen. Ik ha in fiifde út 1943, like âld as ik sels dus. Der wie wat de kar fan lieten oanbelanget ek sprake  fan gearwurking mei de eartiidske Jeugdherbergcentrale: ‘Daardoor is Jan Pierewiet de metgezel geworden van jonge en oudere trekkers, die op hun tochten  in de kamphuizen en rondtrekkend langs bossen en velden behoefte hebben aan gezellige liedjes’, sa stiet yn it foarwurd, ‘Liederen die zich er speciaal voor lenen er op te marcheren zijn met een sterretje aangegeven’, sa as  bygelyks De paden op de lanen in.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

Tink it om

logo.ensafh

It is der net te wêzen. It is dêr ysbaarlik kâld. Net sa’n bytsje ek. De gemiddelde temperatuer leit by -69°C. Der binne bergen, falleien en gletsjers. Der is in noardpoal om jaloersk op te wêzen want troch en troch beferzen. It lân is okergiel en fynst der ek fulkanen. De loft is der iler as op de Mount Everest. Gjinien wol der op fakânsje. Net ien hat dêr nocht oan. No oerdriuw ik. Dit moat ik nuansearje – ek al is dit in kollum – gjinien hat der nocht oan mei syn ferstân op it goede plak. Sels it lokkerke dat je der alle dagen in healoere by krije en de seizoenen der langer duorje, helpt gjin normale stjerling oer de streek.… Lês fierder

Henk van der Veer

Jacobus

logo.ensafh

De biografy over Jacobus Q. Smink (1954-2024), skreven deur Marian Hulshof (1951) toen Jacobus nòch leefde, het mij aardech bij de stròt pakt. In ut 271 bladsiden tellende boek dat as titel ‘Skitterje en skûlje’hat, is de ondertitel ‘Jimladream, it libben fan in bipolêre dichter’ en dat laatste krijt wel un heel soad andacht.

Ut literêre leven sneeuwt der deur onder, al is de groate fracht fersen, achter in’e biografy úteraard mear as ut suurtsje bij de boadskappen. Uteindelek draait draait ut dêr wel om.

Wat mij f’ral su bij de stròt grypt is dat deur Jacobus syn bipolêre stoornis ( ik kon ut begrip as ‘manys-depressyf) der allemaal problemen ontstaan.… Lês fierder

Giny Bastiaans

In koekoek yn ’e stêd

logo.ensafh

Ferhúzje is in spannend aventoer. Benammen fan in doarp nei de stêd, wat ik die. Do begjinst der oan, mar witst net hoe’t it fiele sil. Ik bin grut wurden yn ’e stêd en ha twa jier yn in metropoal wenne. Yn it doarp ha ik krapoan in heal libben wenne. Dat hat foardielen en neidielen.

Dyn rêchpûde wurdt yn ’e rin fan ’e jierren fuld mei moai en minder moai. Yn in doarp hoechst mar ien tsjin te kommen dêr’tst efkes in praatsje mei dochst oer it waar of soks, om tagelyk te witten dat sy of hy de ynhâld fan dyn rêchpûde ken, fan it gelok en de tsjinslach, sûnder it der altyd oer te hawwen.… Lês fierder

Henk Nijp

L ‘histoire se répète of what’s in a name

logo.ensafh

Begjin jierren sechtich kamen wy te wenjen yn ien fan de fjouwer earste rychjehuzen dy’t boud waarden yn it Nylân. In nij te ûntwikkeljen wenwyk yn Ljouwert tusken it spoar nei it suden, it Van Harinxmakanaal en de Julianaleane en oanslutend op de West-Yndyske buert. De earste huzen dêre wiene ornearre foar minsken yn tsjinst fan de oerheid: amtners, plysjes, ûnderwizers en militêren, en sa mear. Dat gong doe noch sa, selektearje op berop. Ik leau sels dat der ek noch in soarte fan ballotaazjekommisje oer gear moast foar’t der in wente tawiisd wurde koe.
Us heit wurke by de PTT en wy wiene doe mei trije bern, dat wat dat oanbelange kaam ús húshâlding yn oanmerking.… Lês fierder