Ahhh, Bella Italia… Twa wiken lang in fakânsjehûs oan ’e Lago Maggiore op ’e súdlikste flanken fan ’e Alpen, mei by helder waar útsicht oant Milaan ta, mei yn it wykein net te tellen boatsjes, minuskúl wite fearkes op it wetter. Oan ’e oare kant fan ’e mar, de ‘earmoedige’ Lombardynske kant, rjocht foar ús oer in kantich kastiel op in skiereilân, dêr’t withoelang generaasjes Viscontis en Borromeos gearsieten om te kedizen oer wa fan ’e bern yn in willemoedske takomst mar ris paus wêze moast.
Yntsjes yn stee fan kikkerts, in skud fol swietrokich jasmyn, moarns ier en betiid lawaaiskoppende brommers, fjouwer felgiele scooters by de lytste fan ’e beide bakkers op it doarpsplein – dy mei de segrinige ferkeapster mar wol de lekkerste hompen bôle – in Lottowinkeltsje mei inkeld sneins de Bild Zeitung … En in doarpsbar, mei oan ’e muorren feale foto’s út it doarpslibben fan flak foar en fuort nei de oarloch en, ferdomd as it net wier wie, oan it plafond yn reiden kuorren de sa fertroude Chiantiflessen.… Lês fierder
Kollums
Komt it ferstân mei de jierren …?
As je der yn maaie en juny op út geane, falt op dat mear pensjonearre senioaren dat yn ‘e oanrin nei de simmer dogge. Faak werkenber as grize steltsjes op e-bikes.
In inkeling trapet noch foar de folle hûnderd prosint sels. Mar sa njonkenlytsen is dat in útstjerrend ras. Je moatte je mooglikheden ek net oerskatte.
Ik ha lykwols net in e-bike. Net út koppigens, lykas Staring (1767-1840) syn ‘Hoofdige boer’ yn ‘Eéne Zutphensche vertelling’ mei de ferneamde oanhef ‘Elk weet, waar’t Almensch kerkje staat en kent de laan die derwaart gaat.’ Dêryn ferhipt Boer Stuggink it om oer it nije brechje nei tsjerke te gean.… Lês fierder
Fan kroan nei kroan
Sawat in moanne lyn wiene der rûnom bylden fan de nije King Charles III mei in kroan fan mear as twa kilo op syn al wat fersliten, âldere manneholle. In platte blauwite pet mei pompeblêden hie him faaks better stien, want dit wie gjin gesicht. Ek al om’t it om in serieuze saak gie dêr’t net by lake wurde mocht. As in lolbroek op in feestje sa kroand wurdt mei in nepkroan, is men slop fan laitsjen.
Minsken yn bepaalde funksjes geane fan âldsher somtiden mar frjemd klaaid. By de kroaning fan ús Willem hie Maxima wol in kroantsje op, mar hy sels net.… Lês fierder
Dan sa mar
It moaie en goede fan it hawwen fan in kollum, of better sein: it regelmjittich kwyt kinnen fan in stikmannich, al dan net nijsgjirrige prakkesaasjes, is dat je hoe dan ek eat kwyt kinne. Ik besykje alle kearen wer in lyts, byldhouwurkje fan taal te meitsjen, dêr’t je net omhinne kinne. Dy ‘je’ bin ik sels, hear.
Wy libje yn in foarm fan notiid dy’t eins al doetiid wurden is foar’t je ek mar ien tins opskreaun hawwe. Al dy kollums en mienings, twitter en facebookiaanske meidielings … Wat moatte je der yn ’e goedichheid mei? No ja, dochs mar in bytsje byhâlde, soe ik sizze.… Lês fierder
“Wat ben jij Fries geworden!”
Ik hie my deljûn yn ’e wachtkeamer fan it sikehûs. It koe wol eefkes duorje foar’t se my rôpen. Ik siet wat om my hinne te sjen. In frou seach my al in skoftke sawat oan en ynienen kaam se oerein. Kreaze frou. Moai knipt wyt hier. Djoere jas oan. Mei reade wangen rûn se hastich op my ta. ‘Heb jij niet ooit bij mij in de klas gezeten?’ frege se.
Se kaam my al wat bekend foar, mar in namme koe ik der net by betinke. ‘Jij bent Giny,’ sei se, ‘en ik bin A.’
‘Och heden, ja,’ sei ik.… Lês fierder
Dei fan de Oerwinning
Op it Sjoernaal wie yn ’e oanrin nei 9 maaie al in Moskouse apotekersassistinte te sjen dy’t wurden tekoart kaam.
As ik dêr hikke en tein wie … hie ik dan ek pikefel en in brok yn ’e kiel krigen by de parade en Poetins taspraak?
In brok yn ’e kiel, seker doe ’t ik op tv de bylden derfan seach. Mar dat kaam mear om’t ik kotsmislik waard fan dat militêre machtsfertoan. Diskear mei mar ien tank, mar wol wer opkloppe leagens fan Poetin mei deselde ridels as altyd. In suver sneue fertoaning tusken al dy humorleaze gesichten ûnder grutte hoera-petten.… Lês fierder
Marathon
Hurddraafster Sifan Hassan rûn op 23 april har earste maraton, yn Londen, en die dat op magistrale wize. Jo ha der grif ien en oar fan meikrigen. Oer hoe min oft har tarieding op dizze wedstriid west hie, oer de ramadan dêr’t se as moslima mei te krijen hie. Oer de kramp, oer it strekken fan ’e skonken, de krekt-net-botsing mei in folchmotor en de kaprioalen by de drinkpost. Oer hoe ûnwis oft se wie oer de loop, want ja, mear as 42 kilometer, hoe sil dat yn ’e goedichheid útpakke ast soks noch net earder dien hast? En fansels oer dy fenomenale spurt by de einstreek.… Lês fierder