It komt krekt yn ’e wrâld, alsa hie ik it allegearre meticuleus, in wurd dat hjir goed op syn plak is, fol eangst en bangens, útsocht. Ik moast nammentlik op ’en paad mei it iepenbier streekferfier. Alle dagen wer wiene der stakings troch it hiele lân, dan de trein, dan de bus en sa om en om. De woansdei staakten de bussen yn Noard-Hollân, de freeds yn Fryslân, tongersdei dus de bus.
En? … sille jimme tinke, goede lêzers … wêr moast dy Feddema no wer sa nedich hinne , sa wichtich dat it net wachtsje koe?
Dat sil ik jimme fertelle … Hy woe nei in útstalling: Leo Gestel op Mallorca yn Museum Kranenburgh yn Bergen, en dat is gjin Bergen aan Zee en aldergeloks ek net op Mallorca, want om dêr te kommen mei it streekferfier…hâld mar op.… Lês fierder
Kollums
Royalty achter de skermen
Hjir jo royalty-ekspêr mei fragen en antwurden dy’t nea yn de media behannele wurde.
Hoe sit it no krekt mei Charles III en Camilla? Earst myn oprjochte lokwinsken oan de beide majesteiten dat it no lang om let sa fier is. Alhoewol. Iuwenlang hiene keningen, keizers, etc. favoriten, minsken dy’t deistich tagong hiene ta de majesteiten en harren sels ûnder fjouwer eagen sprutsen, bygelyks omdat se Groom of the Stool wiene (kontfeiers op it privaat). As de kening in bysûndere foarkar foar sa’n type krige, koe dy favorite persoan syn of har posysje handich útspylje en te jilde meitsje yn de foarm fan jild en titels.… Lês fierder
Hûdferlet
Wy rûnen tegearre it Dokmondpaad. In kuiertocht fan Dokkum nei Egmond. By Starum stutsen we oer nei de oare kant.
Nei trije dagen rinnen yn Noard-Hollân kaam de abdij fan Egmond yn it sicht, dêr’t wy in pear dagen bliuwe soene. Wy moasten oanpoatsje want fóar 16.00 oere ynchecke.
Ik krige it nuveraardige gefoel yn eardere tiden bedarre te wêzen. Rinnend op de tuorren yn ‘e fierte ta . As yn de midsieuwen. Dat je fóar’t de poarte slút, yn ’e stêd wêze moatte, oars wurdt it behelpen yn it ‘Húske te let’, in lyts ûnderkommen foar reizgers dy’t de stedspoarte ticht fûnen.… Lês fierder
Fakânsjeperikels
Dizze drûge en drege simmer gjin better plak as in pear wike útfanhúzje tusken de grouwe muorren fan in kleaster yn it Teutoburgerwald. De lêste tiid sitte my myn dreamen dwers, dy’t ik fan alle kanten ris goed beskôgje en beskikke wol. Dreamen dêr’t elk út myn fermidden fan fynt dat ik my der überhaupt net drok om meitsje moat. It hat neat om ’e hakken, sizze se, do makkest fan fearkes yn eigen eagen heule balken yn dy fan de minskheid. Ja duh, ik wol lekker sliepe kinne.
No’t de wissichheid begjint troch te kringen dat it mei my oer tsien of tweintich jier beslikke wêze sil, begjin ik mear en mear fan dy dingen te genietsjen dêr’t ik mei fertroud bin – myn moaiste boeken, foto’s, keunst, muzyk en foaral myn byinoar skarrele wysheden.… Lês fierder
Mingd Nijs (1): dramatysk
It tydskrift de Moanne hie yn de simmer fan 2022 yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante in ynearsten nijsgjirrich lykjende searje publikaasjes: Dizze simmer publisearje de Leeuwarder Courant en literêr tydskrift de Moanne seis koarte ferhalen, lietteksten en gedichten fan oanstoarmjend Frysk skriuwtalint. De skriuwers bûgden har oer it tema ‘de kleau – de kloof’.’
Lit ik it mar net oar de kwaliteit fan de teksten hawwe, de skriuwers binne noch jong en kinne noch hiel wat byleare. Wat my al opfoel dat der frijwol gjin Frysk skreaun waard troch dizze ‘oanstoarmjende talinten’. Allinnich de nijsgjirrige Amerikaanske ymport-Fries Preston Losack hat it Frysk brûkt yn syn spoken word foardracht.… Lês fierder
Trompetbeam
Op it stuit bin ik op myn jierlikse neiskoalling om myn therapeutysk ark skerp te hâlden. Dat hawwe we yn Súd-Frankryk en dat is perfoarst gjin straf. Hjir is de simmer dy’t thús noch op him wachtsje lit al lang begongen. We ferbliuwe op in âld bûten mei kreas oanharke stientsjepaden ôfseame mei lavendel en beammen dy’t dêr al út de begjinjierren steane.
It binne benammen dy beammen dy’t my ynteressearje. Guon kin ik fansels: kastanje, sypres en in hiele grutte reade boek. Mar der binne ek ûnbekende by. Sa is der in beam mei in rûge bast en grutte hertfoarmige blêden.… Lês fierder
Nada te espante
Nei’t myn leave J. sân jier ferlyn ferstoarn wie, tocht ik wolris: No, dat wie it dus. Myn libben. It is al foarby. Sa mar ôfbrutsen. Yn dy dagen tocht ik ynienen oan in foarfal fan jierren lyn. It spile yn Lagos yn Nigeria, it lân dêr’t wy doe wennen. Op in jûn wienen J. en ik útnûge foar in diner by minsken út India. Yn in ûnbidich grut hûs, grôtfol gasten, genôch personiel. It wie in fleurich feest, hearlik iten, minsken yn kleurige klean. Tusken de gongen troch wie der tiid om efkes fan ’e stoel ôf.
Twa froulju kamen op my ta.… Lês fierder