
Begjin jierren sechtich kamen wy te wenjen yn ien fan de fjouwer earste rychjehuzen dy’t boud waarden yn it Nylân. In nij te ûntwikkeljen wenwyk yn Ljouwert tusken it spoar nei it suden, it Van Harinxmakanaal en de Julianaleane en oanslutend op de West-Yndyske buert. De earste huzen dêre wiene ornearre foar minsken yn tsjinst fan de oerheid: amtners, plysjes, ûnderwizers en militêren, en sa mear. Dat gong doe noch sa, selektearje op berop. Ik leau sels dat der ek noch in soarte fan ballotaazjekommisje oer gear moast foar’t der in wente tawiisd wurde koe.
Us heit wurke by de PTT en wy wiene doe mei trije bern, dat wat dat oanbelange kaam ús húshâlding yn oanmerking.… Lês fierder