It simmerwaar makke dat ik de lêste moannen wer ris aardich oan it lêzen rekke. Der wiene twa boeken dy’t der boppeút stutsen, wat de wille fan it lêzen en de útdaging fan it oertinken oangiene. De iene wie Grand Hotel Europa van Ilja Leonard Pfeijffer (wat betsjut reizgjen noch tsjintwurdich yn de fersmoarende wrâld fan it massatoerisme…), de oare Jabik Veenbaas syn Odysseus’ onvoltooide reis: de ontwikkeling van een mythische held in de westerse literatuur. It boek hat Veenbaas opdroegen oan syn learaar Nederlânsk oan it gymnasium yn Ljouwert en soks seit my hiel wat.
Veenbaas lit mei nijsgjirrige foarbylden út de westerske literatuer sjen hoe’t troch de iuwen hinne de figuer fan Odysseus fierder stal kriget, mar dat dizze foar de pylgers yn it libben pas yn ’e tiid fan de renêssânse min of mear ta in fertroude reisgenoat wurdt.… Lês fierder