Ek wa’t de ôfrûne tiid lekker lein hat te wintersliepen ûnder in dikke swiere stien kin hast net mist ha dat der in soad te dwaan west hat om oersettingen. Ik woe my mar net oanslute yn de rige minsken dy’t al in ‘plasje’ dien ha oer de fraach wa’t no krekt hokker tekst oersette mei en hokker kwalifikaasjes oft je dêrfoar al as net ha moatte ôfsjoen fan de foar de hân lizzende taalkundige en literêre ekspertize. Men kin omtrint fersûpe yn de giele plasse dy’t dêr al omhinne leit.
Wol die it my neitinken oer de betsjutting fan oersettingen en it lêzen dêrfan, mei ynjûn troch it sukses fan ferskate Nederlânske auteurs yn it Ingelske taalgebiet.… Lês fierder
Kollums
Twastriid: wat moat ik mei in miening
Der wie in tiid, sa lang lyn noch net, datsto de hiele dei op ’e hichte bliuwe moast fan al it brekkend nijs om dy hinne. Do tochtst dat foar in frou fan de wrâld mei de adel fan besieling de basis fan bestean yn de feiten fan hjoed-de-dei lei. Boppedat, yn it djipst fan dyn wêzen wiest in skôger en hiest nijsgjirrigens as twadde natuer. Ik learde dy kennen troch it garjen fan nijtsjes dy’tsto neaken mei my dieldest. Sa koe ik dy ferstean.
Mar wat is in feit sûnder miening? Wat is bestean sûnder betsjutting, in berjocht sûnder boadskip?… Lês fierder
Sutelje
De Antarctica man stie foar de doar by buorfrou. Ik fernuvere my der al jierren oer dat sa’n man noch altyd klanten hie. Hy wie de lêste der Mohikanen sis mar, fan in lange rige sutelders dy’t oait oan ’e doar kamen of troch de Buorren giene om wat te ferkeapjen.
Tûzen jier lyn kaam der by ús ek sa’n ien. Earst wie dat Klaas de Djipfriesbaas, dêrnei kaam Jelmer, troch de bern ûnearbiedich: Jel de kâlde frikandel neamd. Mar dat koe him neat skele. Hy krige by ús in bakje kofje. Mei wat derby. En de bern wiene wer dik tefreden mei in fikse doaze Raket iislollys yn de djipfrieskist.… Lês fierder
Kultureel taeigenjen?
Lang om let sette Marieke Lucas Rijneveld sels in krêftich punt achter de diskusje oer de fraach oft sy wol de oanwiisde oersetster wie fan The Hill We Climb fan Amanda Gorman. Se die dat mei in moai gedicht yn De Volkskrant fan sneon 6 maart 2021, ‘Alles bewoonbaar’.
Ik sitearje ien strofe:
Nooit het verzet kwijtgeraakt, en toch inzien wanneer
Het niet jouw plek is, wanneer je moet knielen voor een gedicht
Omdat een ander het beter bewoonbaar maakt, niet uit onwil,
Niet uit verslagenheid, maar omdat je weet dat er zoveel
Ongelijkheid, dat er nog steeds mensen achtergesteld, /
Jij wilt juist verbroedering, je wilt één vuist (…)
Yn de Fryske literêre wrâld waard ek diskusjearre oer dizze kwestje, al wie it net altyd yn it iepenbier.… Lês fierder
Leech en liddich
Dêr sit jimme kollumnist dan…efkes neat mear om hannen. Dat is fansels net werklik wier, der moat hoe dan ek in kollum komme en de kabouterkes dogge it net. Miskien hawwe je nammers wol kabouterkes dy’t literêre aspiraasjes hawwe, mar ik ken se net. Alsa, as jimme wol ien witte?…stjoer mar nei Ensafh. Jimme moatte it begjin eins lêze as: hjir sit de byldzjend keunstner Anne Hendrik Berend Feddema. Der komt in tentoanstelling oan en hy is klear (dermei)…hy soe bliid wêze moatte en dûnsje en sjonge wolle, mar sa wurket it net, hy is sels wat swiersettich. Soe der eat ferkocht wurde?…soe… Lês fierder
Healsliten
Guon Harnzer pommeranten binne wakker grutsk; der komt dêr no einliks in stânbyld as poarte nei de stêd! Of as in tagong nei it woeljende wetter, mar krekt fan hokker kant jo komme. In jier of wat werom, it wie noch yn ‘e tiid fan KH-LF-2018 wiene der al dryste plannen foar in mânsk hynder (op ‘e efterste poaten) oan it begjin fan de Ofslútdyk, in ‘landmark’. It moast in ikoan fan Fryslân wurde. Ik fyn dat altyd wat apart as men yn it foar al ha wol dat eat in ikoan is. In ikoan is foar myn gefoel pas in ikoan as it himsels as in ikoan ‘bewiisd’ hat.… Lês fierder
The Reading Room
Wa’t de Netflix-searje The Crown in bytsje ken, wit dat de Britske keninklike famylje nochal op har privacy steld is. Lykwols hat Camilla, Duchess of Cornwall (sy fan de ivige kroanprins Charles), sûnt koart har Reading Room iepensteld foar it grutte publyk. Mei it instagramaccount @duchessofcornwallsreadingroom is se in boekeclub begûn, mei lêstips, fideoboadskippen fan harsels en de skriuwers dêr’t it om giet, en ynhâldlike fragen by de boeken, dêr’t elkenien fia it account op reagearje kin, of ‘for you to mull over in your own reading room’. De boeken dy’t behannele wurde (sjoch ôfbylding) binne har eigen persoanlike foarkar.… Lês fierder